Klimaatbestindige kustlânskippen

jannewaris 21, 2021 10:57

Nijs fan It Fryske Gea

De takomst fan de Waadkust is ûnwis. It klimaat feroaret, de seespegel wurdt heger, de boaiem sakket. Natuer, lânbou en ús feilichheid steane alle trije ûnder druk. Mei goed 25 oare organisaasjes hat It Fryske Gea woansdei 20 jannewaris de Ryksoerheid oproppen om in nasjonaal ûndersyksprogramma te starten. Dat programma hjit Klimaatbestindige Kustlânskippen.

Ofbylding © It Fryske Gea

Sâlte fitaliteit
Yn jannewaris 2016 publisearre It Fryske Gea de fyzje: Zilte vitaliteit – naar een vitale Friese Waddenkust (besjoch hjir). Dêr stiet yn beskreaun hoe’t de kwaliteit fan natuer en lânskip fan de Fryske Waadkust fersterke wurde kin. Dy fyzje libbet noch. It Fryske Gea ferwachtet dat it ûndersyksprogramma download hjir) helpt om praktysk oan ’e slach te kinnen.

Dykfersterking Koehoal-Lauwersmar
It dykfersterkingstrajekt Koehoal-Lauwersmar is in moai foarbyld. Sûnt in jier as fjouwer is de natuerorganisaasje yntinsyf mei Wetterskip Fryslân yn petear oer de fraach oft syn terreinen in rol spylje kinne foar de wetterfeilichheid. Dat is sa, docht bliken. Mei it Wetterskip, Rykswettersteat en de Waadfûgelwurkgroep fan de Fryske Feriening fan Fjildbiology wurdt besjoen oft it mes oan twa kanten snije kin: sterkere en bettere kwelders foar sawol de natuer as de dykfeilichheid. Der wurdt ek besjoen oft kwelders bydrage kinne oan it opfangen fan CO2.

In oar foarbyld is it konsept Dûbele Dyk, it ynlitten fan de see mei farsk slyk. Goed foar de feilichheid, goed foar de natuer, goed foar de boer. Dat konsept jout romte foar nije briedplakken en nije heechwetterflechtplakken foar waadfûgels. En foar boaiemferbettering fan lânbougrûn.

Fertsjinnersmodellen foar boeren
Yn it ûndersyksprogramma Klimaatbestindige Kustlânskippen wurdt ek in protte omtinken jûn oan fertsjinnersmodellen: foar de reguliere lânbou, foar pachters fan it Fryske Gea en foar nije foarmen fan lânbou, lykas akwakultueren en sâlttolerante gewaaksen. Dêrfoar wurd gearwurke mei de LTO, de NAV, pachters en boeren by Holwert oan See. In goed ekonomysk perspektyf is in belangrike basis foar de fersterking fan natuer en lânskip, is It Fryske Gea fan betinken.

jannewaris 21, 2021 10:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.