Keunstwurk by pizzabestelling

jannewaris 13, 2021 08:46

Trije keunstners út Ljouwert hawwe in ûntwerp makke dat as print meilevere wurdt by in pizzabestelling mei de Pizza Box Art-aksje. De trije dielnimmende pizzeria’s binne La Trattoria, Da Charlie en De Burgemeester van Napels.

Ofbylding: Pizza Box Art

De aksje rint fan 18 jannewaris ôf. In bestelling kin dien wurde fia de eigen webside fan de pizzeria of de nije bestelside Leeuwarden-Eet. Foar twa euro ekstra is de orizjinele print by te bestellen. De keunstwurken binne makke troch stedskeunstneres Cote Veraguafan Cote Create, AVP-studinte Janneke Oevering fan Studio Jannemans en Ljouwerter yllustrator en motiondesigner Michiel Kloppenburg. Alle kearen wer in ferrassing hokker print by de bestelling sit. Faker as ien kear bestelle is neat op tsjin, mar op=op. Klanten dy’t in print dûbel hawwe kinne him koroanaferantwurde ruilje.
Mear ynformaasje en it lêste nijs is te folgjen op @pizzaboxartleeuwarden op sosjale media.

It projekt wurdt foar in part stipe troch in lytse subsydzjeregeling koroanaprojekten fan de gemeente Ljouwert. Pizza Box Art Ljouwert is in inisjatyf fan Mireille Muller en Elisa Ramming. Mireille folge fan septimber 2020 ôf de trening Buitengewoonzijn.nu, dy’t fan maart dit jier ôf wer organisearre wurdt yn Neushoorn. De trening wie in oantrún om it projekt dat al in jier op ’e planken lei, út te fieren en Ljouwerter ûndernimmers mei-inoar gearwurkje te litten en sjen te litten oan de rest fan de stêd.

jannewaris 13, 2021 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.