Keamer kediist tongersdei oer útgeansferbod, protte nijsberjochten oer ferbod op thúsgasten op ‘e nij ûnwier

jannewaris 20, 2021 19:09

It fallene Nederlânske kabinet wol, lykas juster al oer de buorren gie, in útgeansferbod ynfiere. Oft de folksfertsjintwurdiging dat lije wol, is lykwols de fraach. Ferline wike die de Twadde Keamer te witten dat er it dêr net mei lykfine koe. Tongersdei komt de Keamer deroer gear. As der dan wol in mearderheid foar it ferbod is, meie minsken tenei nei healwei njoggenen jûns net mear bûtendoar wêze.

Hoewol’t guon media te witten dogge dat it net langer tastien is om mear as ien prater yn ‘e hûs te hawwen, is dat op it stuit net wier, sa’t eardere meldings yn ‘e media dat der beheinings op it tal gasten wiene ek ûnwier wiene. De Tijdelijke regeling maatregelen covid-19 beheint it tal minsken dy’t byinoar yn in romte wêze meie yn kêst 3.1 ta ‘in iepenbier plak’, ‘in hiem by in iepenbier plak’ en ‘in hiem by in besletten plak dat net in wente is’.

It regear hie in sliepende wet fûn dy’t it moolk makke en stel in útgeansferbod yn sûnder goedsizze fan it parlemint, de Wet buitengewone bevoegdheden burgerlijk gezag. No’t it kabinet fallen is, moat de Keamer lykwols ja sizze foar’t sa’n yngripend ferbod ynfierd wurde kin. Der is noch in oare mooglikheid om soks foarinoar te krijen en dat is it útroppen fan ‘e needtastân. Neffens it ministearje fan justysje is it regear dat net fan doel.

jannewaris 20, 2021 19:09
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A.Kramer jannewaris 27, 13:30

    It hawwe fan mear as ien prater by jo thús is tastien.
    Dit sit sa: In regel seit: “Zowel in huis als in de tuin of op het balkon ontvangt U maximaal 1 persoon per dag.” (eksklusyf <13 jaar).
    Bûtendoar mei mear as twa gearkloftsjen is net tastien:
    Hjir stiet: "Buiten de eigen woning geldt dat maximaal
    2 personen ergens heen MOGEN gaan of iets ondernemen". (ek eksklusyf <13 jaar) .
    Dit komt om't bûten hanthavene kin wurden, mar net
    efter de eigen foardoar.
    Dêrom is it gearkloftsjeferbod opnommen tn de Koroanawet en de regel om net mear as ien prater te ûntfangen net.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.