Keamer en premier net iens oer jûnsklok
Resint ferskynd
- Foarsitter Domowina hat syn nocht fan ‘geveltsje-sorbysk’ en ropt op: “Praat de taal” 0
- Twa hûndertsjes smertejild foar plysjetamtaasje yn Drachten 0
- Amper omtinken foar Frysk yn partijprograms 0
- Mei Ljouwert neffens it Ramtferdrach wol in oerrinplak fan de Rânestêd wurde? 0
- Hoe hjit de dei dat alles wer normaal is? 2

Foto: Unsplash
Komt der yn Nederlân in ferbod om jûns bûtendoar te wêzen? Premier Mark Rutte wol dat de Keamer dat yn him omgean lit. Sa’n jûnsklok soe, krekt as yn bygelyks it Belzelân, derfoar soargje moatte dat it koroanafirus him minder gau ferspraat. It regear tinkt dat soks mei de komst fan ‘e Ingelske staach fan it firus nedich is om de sikehûzen draaiende te hâlden. De Ingelske firussen binne gâns besmetliker as de Sineeske foarm fan it firus.
De Keamer wol der lykwols net oan. De opposysjepartijen en ek it regearingstrouwe D66 binne fan betinken dat in jûnsklok op it stuit fierste fier giet. De regearingspartijen VVD en CDA wolle der wol oer neitinke.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje