Kafka foarby

jannewaris 17, 2021 19:56

Franz Kafka yn 1923. Boarne: Wikimedia Commons. Publyk domein.

‘Dat hie Kafka net betinke kinnen’, sei de frou en wappere mei de krante. Se hie gelyk. It is om it benaud, hiel benaud, fan te krijen. Soks kin dochs net bestean yn in normaal, in demokratysk (dat hjitte we dochs te wêzen) bestjoerd lân?

De belestingtsjinst makket flaters dy’t in hiele protte minsken yn ‘e problemen bringe. Jierrenlang docht ús regear dêr neat oan. Ek in flater! En net sa’n lytskenien! Mar it wurdt goedmakke. De minsken dy’t dupearre binne, krije kompensaasje tasein. Mei it útbeteljen dêrfan wurdt net sa’n haast makke. Wêrom ek? De minsken dy’t derop wachtsje, sitte salang al yn de problemen, dêr kinne noch wol wat moannen by. Mar it jild komt! Jawis! Is ommers tasein!?

It regear fielt him sa skuldich dat it yn syn gehiel ôfgiet. Mar de slachtoffers krije harren jild. Se kinne aanst harren skulden – ûntstien bûten harren skuld – ôflosse en de earmoede achter harren litte.

Op in goede dei – en in goede dei is it – stiet der in fiks bedrach op harren bankrekkening. Dêr moatte fansels wol de skulden fan betelle wurde. De earste dy’t oankloppet is de belestingtsjinst en dan komme – wat letter miskien, mar dat makket net út, want de belestintsjinst giet dochs altyd foar – de oare skuldeaskers. As snie foar de sinne raant de kompensaasje. En de slachtoffers bliuwe slachtoffer. Spitich, mar neat oan te dwaan, want de paden fan it RJOCHT binne op treftige wize folge.

Noch in pear wike en dan stim ik wer op de minsken dy’t no ôftanke binne.

Nee, wier, Kafka hie it net betinke kinnen.

Inger Wets

jannewaris 17, 2021 19:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.