Joop Mulder ûnferwachts stoarn

jannewaris 11, 2021 09:31

Sneintemoarn 10 jannewaris 2021 waard bekend dat Joop Mulder hommels stoarn is. De grûnlizzer fan Oerol en Sense of Place is 67 jier wurden. Hy hie al in skoftlang sûnensproblemen, mar ferstoar dochs ûnferwachts.

Joop Mulder (foto: Maarten Boersma)

Yn 1982 rjochte Joop Mulder Oerol op. Hy wie doedestiids eigner fan kafee De Stoep op Skylge. Wat begûn as in lytsskalich festival is ûnderwilens útgroeid ta ien fan de grutste lokaasjeteaterfestivals yn Europa mei jierliks sa’n 50.000 besikers. Dit jier sil de 40e edysje op it eilân holden wurde, as de koroanamaatregels it talitte. Makkers út binnen- en bûtenlân en publyk fine inoar yn it Skylger lânskip, dêr’t it eksperimint in grutte rol spilet. Mei Oerol waard kultuer ûnderdiel fan it eilân, krige Skylge mear bekendheid en in ekonomyske ympuls yn de stillere moanne juny. Yn 2017 naam Joop Mulder ôfskie fan Oerol. Der is doe in priis foar nij talint yn it libben roppen dy’t syn namme draacht: de Joop Mulder Plak.

Hert foar it Waad
Syn leafde foar it mearsidige Waadgebiet brocht Joop Mulder fierder ta utering yn Sense of Place. Wat begûn as in dielprojekt op Oerol groeide út ta in rige kulturele lânskipsprojekten by de Waadkust lâns. Mei Sense of Place ferbûn Joop Mulder de ynwenners, autoriteiten, doarpsbelangen, natuerorganisaasjes, keunstners, de boer en bûtenlju om it prachtige lânskip en syn kultuer sichtber te meitsjen foar in breder publyk.

Joop Mulder lit sawol binnen de kulturele wrâld as by de kultuerleafhawwers in ûnferjitlike yndruk efter. Hy hat fan grutte betsjutting west foar de ûntwikkeling fan lokaasjeteater en keunst yn de iepenbiere romte.

jannewaris 11, 2021 09:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.