It ûnderfinen fan ferlies
Resint ferskynd
Oertinking
Troch Covid-19 binne minsken har mear bewust wurden fan de tydlikheid fan it bestean. Dy pandemy hat ús konfrontearre mei de kwetsberheid fan it libben. Op alderhande wizen krije we te meitsjen mei ferlies.
Untslein wurde, in stúdzje net ôfmeitsje kinne, in dierbere ferlieze, ynfalide wurde, in skieding ferwurkje moatte. Koartsein, ôfskied nimme moatte fan wat jin leaf wie, ropt twivels op oer de sin fan it bestean. It freget om ôfstân te nimmen fan wat wie en net wer komme sil. It libben stiet faai. Hoe ferwurket men ien en oar? Sûnder it fertroude moat de libbenskoers opnij útset wurde.
In antwurd op brutsen libbensdagen en it weromfinen fan lykwicht is om leafdefol byinoar te skûljen. Do en ik, wy efkes tegearre. De tiid nimme om ôfskied te nimmen. In teken fan ûntferming, in stil gebeart, in bemoedigjend wurd kinne dêr hieljend by wurkje.
Manu Keirse skreau boeken as stipe foar elkenien dy’t mei fertriet en ferlies konfrontearre wurdt.*As men it dreech hat, koartom it net mear sitten sjocht, jouwe syn advizen treast en takomstperspektyf. Syn libbenswiisheid helpt om de draachlêst lichter te meitsjen.
It útdragen fan ûnbaatsuchtige leafde en ferbûnens jouwe bemoediging en hoop oan wa’t ferlies ûnderfynt. It tilt jin op út de swierte fan roujen en it leart jin frij te wurden fan drukkend fertriet.
Treast**
der komt wer
in nije dei
en as it ljocht
dy wekker makket
ferwaarmet
it oantinken
dyn hert
Wytze Brandsma, Gersleat
emearitus agooch en teolooch
* Prof. dr. Manu Keirse (1946) klinysk psycholooch, Helpen bij verlies en verdriet, Lannoo, 2017, 34e printinge én Vingerafdruk van verdriet, Lannoo, 2012, 27e printinge
** Gedicht út: Wytze Brandsma, Voorbij de nevel / De dize foarby, útjefte yn eigen behear, 2019
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje