It kin net en dochs is it sa

jannewaris 24, 2021 15:27

Misse wat net doocht, kin dat? Ja, blykber al. Ik mis Trump. Ik koe my alle dagen sa noflik opwine oer de domme – en bytiden gefaarlike – útspraken fan dy ûnmooglike man. Fergelike by him fiel ik my hiel wat – yn alle gefallen minder dom en minder brutaal. It eigen ego koe ik aardich oppoetse as ik yn de spegel mysels seach en net Donald Trump.

Dat is foarby.

Yn ’e krante wurdt net mear skreaun oer de brike setten fan de Amerikaanske wrâldlieder, de telefyzje lit gjin bylden mear sjen fan in  ferwrongen gesicht mei in ûnnoazel prûkje hier. Neat mear om my oan op te lûken. Ik mis de man.

Wat ik no ha is immen dy’t noch it meast wei hat fan in treftige dûmny út de biblebelt, betrouber, mar saai. It liket derop dat er allinne mar goede dingen sizze en dwaan sil. In hiele foarútgong by syn foargonger. Om bliid mei te wêzen. Om tankber te wêzen dat in gefaar foar allles en eltsenien fan it toaniel ferdwûn is.

En dochs…, hoewol’t it eins net kin, dochs mis ik him, Donald Trump.

Fan ’e moarn, foar de spegel ha ik my wol efkes ôffrege op wa’t ik eins noch it meast lykje…

Inger Wets

jannewaris 24, 2021 15:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.