It is tiid foar in konstitúsjoneel hôf

jannewaris 18, 2021 12:49

Tekenje de petysje

Skôging en oprop troch Sybren Singelsma

Nederlân wie kollektyf lilk doe’t yn Poalen de rjochters fan it Konstitúsjoneel Hôf ûnder in te direkte politike kontrôle drigen te kommen. Ut namme fan Nederlân hat premier Rutte dan ek ferklearre it iens te wêzen mei it Europeeske Rjochtssteatmeganisme, dêr’t de EU sanksjes mei oplizze kin oan lidsteaten dy’t de prinsipen fan de rjochtssteat net respektearje.

Dat kin noch nijsgjirrich wurde foar Nederlân. Want drigen de Poalske rjochters foar it Konstitúsjoneel Hôf ûnder te direkte politike kontrôle te kommen, yn Nederlân kinne we allinne mar konstatearje dat we hielendal gjin konstitúsjoneel hôf hawwe, en dat wat der it measte op liket, de Ried fan Steat, foarsittere wurdt troch de Kening, dus it foltallige regear, en dat dy Ried fierder bestiet út eks-ministers, wat se yn it Dútsk in Elefantenfriedhof plichtsje te neamen. Aardich foar de eks-ministers en it systeem fan de bestjoerlike elite, mar net neffens it prinsipe fan de skieding fan de machten.

Dy skieding fan de machten is der ommers net om ’e nocht. Dy is der om foar te kommen dat de totaliteit fan de steatsmacht de boarger bleatstelt oan de willekeur fan dy oerheid. Dêrom dat dy almacht oer ferskillende ynstitúsjes mei in eigenstannige demokratyske legitimiteit ferdield wurdt.

In konstitúsjoneel hôf hat yn ’e regel as taak om derfoar te soargjen dat de wetjouwer de grûndwet respektearret yn syn wetjaande wurk, en by de ymplemintaasje fan de wetjouwing de boarger de mooglikheid jout om de steat oan te kleien as dy dêr de yn de grûnwet fêstleine boargerlike grûnrjochten net by respektearret.

Om alderhande ‘histoaryske’ redenen waard in konstitúsjoneel hôf yn Nederlân net needsaaklik achte. De ultime macht bleau by de Twadde Keamer en it Regear lizzen. De Twadde Keamer waard ommers befolke troch politisy dy’t it bêste mei de boarger foar hiene, de Earste Keamer kontrolearre alles nochris goed, en it Regear soarge mei God en Oranje dat elkenien syn gerak krige. In perfekt lân, en dat de formaliteit fan de rjochtssteat net goed regele wie waard mear as goed makke troch de morele superioriteit fan de Nederlânske Oerheid.

Femke Halsema hat as Keamerlid in inisjatyfwetsûntwerp yntsjinne om grûnwetlike toetsing mooglik te meitsjen. Dat hat it net helle trochdat in Keamermearderheid bang wie dat sa’n toetsing de funksje fan it parlemint onderminet om wetjouwing yn it algemien belang te hifkjen.

In frjemd argumint, de Keamer nimt ommers wetten oan mei in ienfâldige mearderheid. Salang’t normale wetjouwing net deselde swiere proseduere ferget as in grûnwetswiziging, jout de Keamer himsels dus sa in frijbrief om by simpele mearderheid de Grûnwet oan ’e kant te setten.

En doe kaam de taslagge-affêre.

Dy hat sjen litten dat de Nederlânske boarger net beskerme is tsjin ûnwettich en eigenwillich hanneljen fan de oerheid, sels as de grûnrjochten, fêstlein yn de Grûnwet, dy beskerming jaan moatte soene. Want as in wet ienkear yn it Staatsblad stien hat kin de boarger neat mear dwaan as er fan betinken is dat syn grûnwetlike rjochten oantaast binne.

Op grûn fan dyselde Grûnwet hat de rjochter net it foech om rjochtsbeskerming te ferlienen. Inkeld de wetjouwer sels kin yngripe as er ta it ynsjoch kommen is dat syn eardere beslissing net goed wie.

Mar de slachter dy’t syn eigen fleis keurt, past net goed yn it systeem fan de skieding fan de machten en is dus fûneminteel ûnkrekt en giet tsjin de fûneminten fan de demokratyske rjochtsteat yn.

De ynstelling fan in konstitúsjoneel hôf yn Nederlân driuwt as we sjogge nei de konklúzjes fan de parlemintâre kommisje berne-opfangtaslach yn it rapport Ongekend Onrecht. Ommers, it hiele systeem – de hiele Trias Politica – hat oer langere tiid faald. It ferget mear as goede bedoelingen en moreel superieure politisyi as oplossingen.

Wol Nederlân him in folweardige demokratyske rjochtssteat neame, dan moat it foar de boarger mooglik wurde om nei in ûnôfhinklike rjochter te stappen as syn grûnrjochten troch wetjouwing of hanneljen fan de oerheid oantaast wurde.

Foarstellen om in konstitúsjoneel hôf yn te stellen binne formulearre troch de ‘Staatscommissie Parlementair Stelsel’ en lizze by it kabinet om beoardiele te wurden. It regear makket oant no gjin haast mei it útfieren fan de oanbefellingen.

Om it regear dêrta oan te moedigjen haw ik it inisjatyf nommen foar it petysje om de Twadde Keamer te freegjen noch foar de Keamerferkiezingen yn maart 2021 in foarstel oan te nimmen om artikel 120 fan de Grûnwet te wizigjen, sadat de toetsing fan wetjouwing en hanneljen fan de oerheid oan de Grûnwet mooglik wurdt.

Ik nûgje jo út om dy petysje te ûndertekenjen en om minsken dy’t der ek sa oer tinke op te roppen om itselde te dwaan. Dat kin fia de ûndersteande keppeling:

https://petities.nl/petitions/bescherm-de-burger-met-een-constitutioneel-hof

Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.

 

 

jannewaris 18, 2021 12:49
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Jabik jannewaris 18, 19:44

    Mar is it net de taak fan de Earste Keamer om de wetjouwing te hifkjen oan de Grûnwet? As dy har wurk goed docht is in konstitúsjoneel hôf dan noch nedich?

  2. Sybren jannewaris 18, 21:11

    De 1ste Keamer is in polityk orgaan, kin dus gjin rjochter wêze. It giet boppedat ek net allinnich om wetjowing. De boarger moat de oerheid oankleije kinne wanneer’t de grûnrjochten oan ’e oarder binne. No kin de 2de Keamer de grûnrjochten mei simpele mearderheid bûten wurking sette. Dat doocht net as it feroarjen fan de grûnwet mei twatredde moat yn twa terminen. Tekenje Jabik!

  3. Tom Dykstra jannewaris 20, 11:02

    Yn provinsjale Steaten is in moasje fan ‘treurnis’ oanommen oer de wegering fan de EU-kommisje it minority safepack -ûnderwerp yn behanneling te nimmen.Prima.
    Mar deselde Steateleden ha bûter op ‘e holle ; Hja wegerje al jierren systematysk dat it Frysk in normaal plak krijt yn it ûnderwiis.De provinsjale Beleidsregel fan 2015 jout nammentlik – en ek tsjin de opfetting fan de ynspeksje yn – alle romte oan skoallen om it Frysk te kearen. Wat dat oanbelanget soe it goed wêze foar it útstel fan Singelsma, omdat ek PS de grûnrjochten fan de Fryske mienskip op ûnderwiis yn it Frysk blokkeart,

  4. sybren jannewaris 20, 13:00

    Tom Dykstra hat gelyk, it jildet foar de hiele oerheid, ek PS! Tekenje dus!

  5. Johannes Rozenga jannewaris 20, 15:22

    Sybren Singelsma, ik ha de petysje ûnderskreaun. Mei de opmerking fan Tom: PS blokkearret de grûnrjochten fan de Fryske mienskip op ûnderwiis yn it Frysk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.