It Frysk fertsjinnet in better plak yn tsjerke

jannewaris 6, 2021 19:17

Ynstjoerd

Ik bin it folslein iens mei Jehannes Elzinga en mei wat hy skriuwt oer it plak fan it Frysk yn de tsjinsten dy’t Omrop Fryslân útstjoerde (https://www.itnijs.frl/2020/12/fryske-tsjerketsjinsten-op-omrop-fryslan/).

Martinitsjerke yn Frjentsjer (foto: Wikipedia/Ziko – CC BY-SA 3.0 nl)

Dat de tsjinsten út de Martinitsjerke fan Frjentjer tige wurdearre waarden is dúdlik. De prachtige tsjerke, de oargelist en de solisten makken der mei de foargonger, koster en in pear gemeenteleden in hiel moai gehiel fan.
It Frysk kaam der bekaaid ôf wat altiid wer it gefoel jout dat it Hollânsk de taal fan tsjerke is. Allinnich de tsjinst mei ds. Nieboer fan Snits wie hielendal yn it Frysk.

It bliuwt noch altiid tige dreech om it Frysk yn tsjerke in plak hâlde te litten. Hollânsk wie al sa lang de taal fan tsjerke. Gemeenteleden wurdearje it Frysk, mar as der op liturgy- en oare gearkomsten in wurd Hollânsk falt, skeakelet de gemeente op in inkeling nei oer op it Hollânsk.

It soe dan ek ek hiel moai wêze om yn ’e kommende tiid geregeld it Frysk of Fryske streektalen in folweardich plak te jaan.

Al mear as fjirtich jier ferlyn skreau ds. Marten de Boer, dy’t doe yn Deinum stie, de brosjuere: It wurd fan de Heit yn ’e taal fan mem. Dy útspraak omskriuwt krekt wat wichtich is yn in tsjerketsjinst yn de memmetaal.

It is te hoopjen dat de tariedingskommisje net allinnich de oekumene mar ek it Frysk en de Fryske streektalen serieus nimt en it plak jout dat se fertsjinje.

Ina Kuipers-Kiel
Deinum

jannewaris 6, 2021 19:17
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Johan G.Koers jannewaris 13, 13:01

    Nei myn betinken hie it Frysk ôfrûne snein in goed plak yn ‘e tsjinst yn Trinitas op it Hearrenfean. Lêzings yn it Frysk, in diel fan it gebed yn it Frysk en guon ferzen fan de lieten yn it Frysk.Hulde oan de Meniste Gemeente fan it Hearrenfeanen Tsjalbert, dy’t dizze tjinst fersoarge!

  2. Tom Dykstra jannewaris 13, 21:39

    Mei frou Kuipers iens.
    It is goed dat it Frysk ek klinkt om oan te wennen en Frysktaligen it gefoel te jaan dat hja der ek yn tsjerke wêze meie, mar it is noch net gewoan. Fryskpraters krije de geunst om ek efkes wat yn harren taal te sizzen. De kommisje soe no op dit paad fierder gean moatte en de talen lykweardich klinke litte. Der moat gjin ferskil wêze yn belang en tiid. Wy moatte ek yn tsjerke ôf fan opkrongen ûngelikense machtsferhâldings.

  3. Jabik jannewaris 16, 20:07

    As der yn’t tsjerke gjin plak is foar myn memmetaal, dan ek net foar my.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.