Is mienskip itselde as mynskip? (3)

jannewaris 25, 2021 10:00

Hoe sit it mei de sizzenskip oer Frysk (lês)ûnderwiis op ús Fryske skoallen?

troch Tom Dykstra

Nei oanlieding fan it yn oktober 2020 ferskynde wittenskiplik ûndersyk Cognate facilitation (profyt hawwe fan taaloerienkomst) is de fraach aktueel hoe’t it lêsûnderwiis yn it Frysk op de skoallen yn Fryslân regele wurdt. Foar it fuortbestean fan it Frysk as taal en ek as mienskip is dat wichtich no’t kear op kear in lykberjochtige plak fan it Frysk yn it ûnderwiis opkeard wurdt lykas út de eardere bydragen (de nûmers 1 en 2) al bliken die.

It is ek net sa dat âlden gjin ûnderwiis yn it Frysk wolle. Ryk en provinsje roppe om it fûlst dat it mei it Frysk yn it ûnderwiis better moat en ek better kin, wylst de measte fertsjintwurdigers yn Twadde Keamer en Provinsjale Steaten in oare kant útsjogge en fêst hâlde oan in beskate opfetting fan demokrasy: de mearderheid is baas, ek by grûnrjochten. “Begrijp me goed het gaat toch om het belang van alle kinderen en vergeet niet dat we hier in Nederland wonen”.

Wa is (binne) no ferantwurdlik foar en oan te sprekken op goed Frysk (lês)ûnderwiis?
Formeel is dat de oerheid. Mar hawwe âlden dan gjin ynbring? In koarte útlis.

A. De âlden
De âlden foarmje de swakste skeakel as men op it mêd fan de ynhâld fan it ûnderwiis wat berikke wol. Hja binne wend oan de iuwenlange ‘Hollânsktalige tradysje’ yn de Fryske skoalle en witte yn it miene ek net sa folle fan hoe’t de skoalle mei it Frysk omgiet.

Wat kin in âlder dwaan op de skoalle fan de bern?
– In fraach stelle oer it Frysk oan de learkrêft, de direkteur of op in âlderjûn.
– Kontakt sykje mei de meisizzenskipsried (by it âldersûnderdiel)
– Foar eigen bern in oare skoalle kieze as op dy skoalle better Frysk ûnderwiis jûn wurdt.

In âlder sil net gau in fersyk dwaan om mear romte foar it Frysk yn it skoalprogramma. Der is moed foar nedich om witte te litten dat men as âlder better Frysk ûnderwiis wol. Men kriget gauris in etiket opplakt: djipfries. As FFU hawwe wy âlden wol oanbean om dat foar harren te dwaan, mar de eangst foar negative gefolgen foar harren bern op dy skoalle wie sa grut dat hja dat mei klam ôfwiisden.
As sawol by personiel, bestjoer en meisizzenskipsried gjin ‘gehoar’ is foar de fraach nei mear romte foar it Frysk, dan bliuwt der net folle oars oer as deryn berêste of mear âlden deryn  behelje.
De bern om it Frysk nei in oare (basis)skoalle stjoere dogge âlden ek net gau. Benammen yn in doarp rint men dan it risiko as ‘djipfries’ oanmurken te wurden en dat wol men ornaris ek wer net foar jins bern. Of men soe ferhûzje moatte en dan bliuwt de fraach oft it op in oar plak better wêze sil.

De romte foar it Frysk op in skoalle – en dat hat ek altyd sa west en is ek net feroare nei de ferplichting yn it basis- en fuortset ûnderwiis – is ôfhinklik fan de hâlding fan bestjoer en personiel foar in lykberjochtige plak foar it Frysk op harren skoalle oer. Somtiden kin dat foar spannings yn de learaarskeamer soargje as personielsleden it ûnderling net iens binne oer it plak fan it Frysk.
Trijetalige basisskoallen en guon meartalige skoallen foar fuortset ûnderwiis litte in posityf byld sjen. Wikseling yn de lieding kin ek wer foar in negative omslach soargje: fan in stimulearjend belied nei in oanpak dy’t it Frysk safolle mooglik ta de efterdoar útwurkje wol. Yn dy gefallen binne âlden machteleas, of hja moatte al yn it bestjoer sitte.

Op polityk mêd bestiet de mooglikheid om by ferkiezings te stimmen op in partij dy’t provinsjaal of lanlik syn bêst dwaan wol foar it Frysk yn it ûnderwiis. No binne de politike partijen yn de Steaten net daliks ree om fan it ûnderwiis yn it Frysk in ‘brekpunt’ te meitsjen sa is de ûnderfining. In (dis)kwalifikaasje as ‘taalpartij’ soe minder kiezers lûke.
De Fryske Beweging besiket kontakten te ûnderhâlden mei Fryske Keamerleden as in lobby-aktiviteit. Harry van der Molen (CDA) en Aukje de Vries (VVD) dogge op it heden goed wurk.

Konklúzje: yndividuele âlden ha amper de mooglikheid om ynfloed op in Frysk-freonliker skoalprogramma.út te oefenjen. Yn Fryslân bestiet gjin tradysje om mei-inoar foar de eigen taal op te kommen. By de foarming fan de Nederlânske ienheidssteat stie ‘gelijkheid ’(as: ienfoarmigens) sintraal en waard de eardere ‘gewestelijke vrijheid’ as ‘onvaderlandslievend’ beskôge en dat is eins noch sa.
Dy dominante ideology ûnder in mearderheid fan âlden soarget foar ‘gjin spul om it Frysk’ en dan feroaret der neat.

B. It Ryk (Twadde Keamer)
Yn ús sintralistysk oanstjoerd skoalsysteem leit it foech oer it ûnderwiis by it lanlik regear. De provinsje Fryslân hat gjin eigen foech op ûnderwiismêd en hat wetlik allinne in útfieringstaak foar it jaan fan ûntheffing fan ûnderwiis yn it Frysk en in rezjy-funksje by it fêststellen fan de kearndoelen Frysk.

Wetlike regeling
Op advys fan de stjoergroep desintralisaasje ‘Friese taal van Rijk naar provincie Fryslân’(2010) is yn 2014 de wetlike posysje fan it ûnderwiis yn it Frysk op ‘e nij regele yn de WPO en WVO (2014).
De regeling is foar it Frysk yn beide wetten eins gelyk:
a. Underwiis yn it Frysk as fak is ferplichte en ek as fiertaal (ynstruksjetaal) tastien.
Deputearre Steaten (DS) kinne op fersyk fan it skoalbestjoer ûntheffing jaan en stelle dy neffens in beliedsregel (mei dêryn kritearia) fêst nei oerlis mei it Fryske ûnderwiisfjild.
b. DS stelle yn in feroardering de kearndoelen Frysk fêst nei’t dêr earst oerlis mei it ûnderwiisfjild oer west hat. De minister fan O&W seit dêr gjin goed foar as net foldien wurdt oan de folgjende betingsten,
– dat DS oantoane kinne dat der genôch draachflak yn it ûnderwiisfjild is,
– dat de kearndoelen Frysk net mear ynspannings fan de skoallen freegje as dat foar it Frysk rjochtfeardige is.
De minister kin de kearndoelen Frysk net goedkarre as der gjin omtinken is foar:

– praten en ferstean fan it Frysk,
– skriuwe en lêze kinnen fan it Frysk,
– begryp fan de Fryske taal en kultuer,
– in positive hâlding foar it brûken fan it Frysk.

De oerheid kin him de hannen yn ûnskuld waskje
De wetjouwing foar it Frysk – lykas as dat hjirboppe koart werjûn is – hat in healslachtich karakter. Oan de iene kant ferplichtet it Ryk it (fak) Frysk yn it Frysk ûnderwiis, mar oan de oare kant jout de wet skoallen alle romte om harren net drok te meitsjen oer dy ferplichting. Skoallen kinne sels bepale hoe grut dat ‘draachflak’ by harren is sûnder dêr echt ferantwurding foar ôflizze te moatten. Neffens it Rapport Taalplan Frysk  (2018) en it ynspeksjerapport út 2019 is dat ek net it gefal.

Bekend is dat skoallen wize op de ’net -helbere’ kearndoelen Frysk. No is dat in ferlechje, want kearndoelen hawwe in fûneminteel oare funksje. (Yn in folgjend artikel mear oer de funksje fan kearndoelen). It hat mear eigenskip dat sok ferset te krijen hat mei de druk op de skoallen om foldwaan te moatten oan de lanlike kwaliteits-easken. It Frysk is in ekstra fak en by de beoardieling fan de resultaten fan it ûnderwiis wurde dy foar it Frysk nét neigien. Learkrêften hoege boppedat it Frysk net te behearskjen en dan is de kar net dreech: it hoecht net ‘echt’en it ‘kin’ ommers ek net. Mei in Frysktalich filmke of in projektwike fuort foar de grutte fakânsje foldocht de skoalle dochs ek wol oan dy ferplichting? In grut komplemint dus foar skoallen en yndividuele learkrêften, dy’t wol besykje der wat goeds fan te meitsjen.

It is mei de wetjouwing fan it Frysk as mei in Januskop: oan de iene kant ferplichtet it Ryk ta ûnderwiis yn de twadde lânstaal, oan de oare kant krije de skoallen it foech om séls te beoardieljen yn hoefier ’t de ferplichting sinfol is of net. Mocht it mei it Frysk yn it ûnderwiis net goed komme, dan treft De Haach dus gjin skuld. Sa wurdt de publike opiny manipulearre en de lju de eagen tichtsmard: de ‘professionals’ sille it wol it bêste witte!

Wie der dan gjin demokratysk protest?

Yn de tarieding fan de wetjouwing 2014 hawwe sawol de Raad van State as it Konsultatyf Orgaan foar de Fryske taal (KO)protestearre tsjin dy net-Frysk-freonlike wetjouwing  foar it Frysk.

1. De Raad van State hat beswier tsjin in konklúzje út it ynspeksjerapport fan 2010, dat der te min maatskiplik draachflak foar it fak Frysk wêze soe. De Raad konstatearret dat dêr by de befolking hielendal gjin ûndersyk nei dien is. Ut in earder ynspeksjeferslach (2006) komt in ferskil yn beoardieling fan âlden en direksjes oer it Frysk op skoalle nei foaren: “De directies onderschatten opnieuw het belang dat ouders aan Fries hechten: één op de drie directies meent dat ouders Fries niet zo belangrijk vinden terwijl slechts 18 procent van de ouders dit vindt” (side 47).
It is dêrom ûndemokratysk om it bepalen fan it ‘draachflak ‘foar it Frysk yn it ûnderwiis oan de persoanlike opfetting fan de direkteur oer te litten. Sa’n konstruksje jildt boppedat foar gjin inkeld oar fak en sa kin der sprake wêze fan in wetlik legitimearre efterstelling fan it Frysk troch de beropsgroep.

2. Prinsipiëler is de opstelling fan it niisneamde Konsultatyf Orgaan yn 2010. Dat hat alles te krijen mei de trias politika, dus mei it skieden fan de trije machten..
It KO advisearret de oerheid om yn it ramt fan desintralisaasje gjin ferplichting op te nimmen ta oerlis mei útfierende organisaasjes, omdat soks net past by de skieding fan wetjouwende en útfierende organisaasjes. It KO stel út de troch de provinsje Fryslân útstelde kearndoelen Frysk op útfierberens te beoardieljen ynstee fan op draachflak. Oars sein: de wetjouwer bepaalt it wat en de skoalle bepaalt it hoe. Sa heart it ek.

It KO oardielet yn syn rapportaazje oangeande it draachflak by ûnderwiis yn it Frysk dan ek dat, mei it each op it troch Nederlân ûndertekene Europeesk Hânfêst (oer it Frysk)en it oannommen Kaderverdrag nationale minderheden “ , de bevolking van Fryslân recht heeft op onderwijs in het Fries en dat hen dit recht niet kan worden ontnomen door een gebrek aan draagvlak bij uitvoerende onderwijsorganisaties, overheidsinstellingen of organen (s.1).

Dúdlike taal dus en as dêr neat mei dien wurdt is dat in kwestje fan diskriminaasje.

It Frysk gjin taal fan ‘nationaal belang’

De provinsje Fryslân is net (ein)ferantwurdlik foar it Frysk yn it ûnderwiis wurden sa as earst wol de hiting wie. It ministearje fan O&W en de PO-ried binne dêr gjin foarstanner fan. Neffens de fertsjintwurdiger fan it ministearje yn de kommisje Hoekstra soe desintralisaasje fan it Frysk yn it ûnderwiis nei de provinsje Fryslân yn striid wêze mei kêst 23 fan de Grûnwet (de frijheid fan ûnderwiis) en de belangen fan it nasjonaal ûnderwiisbelied. Ien fan dy belangen wie dat it ‘Nederlands onvoldoende gewaarborgd’ wêze soe (s.9). In sankje dat wy al fan 1816 ôf hearre. En dat sangeret noch altiten…Sa wie ûnderwiisminister A. Slob okkerjiers noch fan betinken dat, mei it each op it leararetekoart, Fryslân no mar ris net oer it Frysk op skoalle begjinne moast.

Neffens it kabinet is dy draachflak-konstruksje nedich as in beskerming tsjin mooglik al te ambisjeuze Fryske plannen. Mar dat betsjut dan tagelyk dat op in 50% fan de skoallen gjin lêsûnderwiis yn it Frysk jûn wurdt, wylst dat neffens de wetjouwing fan 2014 wól  ferplichte  is en it kearndoel lêze kinne  yn it Frysk noch altiten jildt. Sabotaazje?

Wat kin en sil de provinsje Fryslân – as stim fan en foar de Fryske befolking – foar in lykweardich en lykberjochtige plak foar de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis noch dwaan?  Dêr in oare kear mear oer.

Tom Dykstra is foarsitter fan de Feriening Frysk Underwiis

 

jannewaris 25, 2021 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.