Is mienskip itselde as mynskip? (2)     

jannewaris 18, 2021 10:00

It belang fan lêsfeardigens yn it Frysk

Troch Tom Dykstra

Yn diel 1 fan Is mienskip itselde as mynskip? wie omtinken foar it yn oktober 2020 publisearre Ingelsktalige ûndersyk Cognate facilitation (profyt hawwen fan taaloerienkomst) fan de taalwittenskippers Bosma en Nota. De ûndersochte Frysktalige bern fan 9-12 jier hiene it lêzen yn it Hollânsk leard. Hja liezen de yn beide talen oerienkomstige wurden (cognates) lykas ‘poes’ flotter as de net-oerienkomstige wurden lykas beam en beppe, dy’t net lykje op ‘boom’ en ‘oma’.

Lêsfeardigens yn it Hollânsk is foar it maatskiplik funksjonearjen needsaaklik en dat jildt foar it Frysk net oars. Dy needsaak wurdt hieltyd grutter neigeraden it Hollânsk en ek it Ingelsk faker brûkt wurde. In taal hat nammentlik gjin takomst as dy taal net (goed) ûnderwiisd wurdt en maatskiplik gjin dúdlike funksje hat. Dochs hat mar in 50 % fan de basisskoallen dy ferplichte lêsfeardichheid (kearndoel 20) yn it ûnderwiisoanbod opnommen.
Yn it provinsjale ûntheffingsbelied mochten de basisskoallen út sân ûnderwiisprofilen ien foar harren skoalle útkieze, wylst mar yn twa fan dy profilen it kearndoel lêzen foarkaam (profyl A en B). De fraach kin dan steld wurde: binne de kearndoelen no wól of nét ferplichte foar alle skoallen? Neffens de provinsje heart dat yn 2030 it gefal te wêzen, mar dêr letter mear oer.

Hoe stiet it mei de Fryske lêsfeardigens fan de ynwenners yn Fryslân?
Neffens de lêste Fryske Taalatlas út 2020:

 

Tabel: Persintaazje ynwenners fan Fryslân dat yn 2019 seit it Frysk mear of minder goed lêze te kinnen.

De sifers binne basearre op wat de minsken séls sizze oer hoe goed oft se it Frysk lêze kinne. De sifers sizze neat oer oft hja dat faak of eins nea dogge en ek net oft it om ienfâldige of dregere teksten giet. De redaksjes fan de beide provinsjale deiblêden binne dan ek net ree de krante yn it Frysk út te bringen. It soe harren grif op protesten fan lêzers komme te stean.

Der is yn Fryslân dus gjin sprake fan in lykweardige en lykwichtige twataligens op skriftlik nivo. De situaasje hat wat wei fan in fisieuze sirkel: as yn it iepenbiere libben amper of gjin lêsfeardigens yn it Frysk nedich is, meitsje in protte Fryske basisskoallen harren dêr (ek) net drok om. Mei as gefolch dat dy tekoartsjittende lêsfeardigens yn it Frysk wer as argumint hantearre wurdt om it Frysk amper yn kranten, tydskriften, publikaasjes, ensfh. te brûken.

Wat is it belang fan (goed) Frysk lêze kinne?
Yn it foarste plak kriget de Fryske mienskip dan tagong ta de Fryske ‘boekekast’ en de eigen kultuer. It wurk fan Fryske skriuwers, dichters en oare bydragen kinne dan yn de eigen taal lêzen wurde. Op dit stuit stiet it produktive wurk fan skriuwers en wittenskippers ûnder druk troch (te) lytse oplagen en hat de frisistyk te min perspektyf.

Twads is it geregeld lêzen fan ynformaasje yn jins eigen taal fan grut belang foar it ûnderhâld en ûntwikkeljen fan it Frysk taalgebrûk: it wurket suverjend en bringt de lêzer yn kontakt mei de taalrykdom fan it Frysk. Heechlearaar Frysk Goffe Jensma: “Sûnder besef fan it skreaune Frysk ûntstiet by de Fryskprater wat taalkundigen neame ‘linguistic insecurity’: taaltwivel.” Harren Frysk ferearmet en om al wis te wêzen wurdt dan maklik op it Hollânsk oerstapt.

Foar net-Frysktaligen is it ek wichtich om it Frysk op skrift yn Fryslân neikomme te kinnen. As dat net sa is, dan wurdt it skriftlik brûken fan it Frysk yn kranten, publikaasjes, ensfh. feitlik ûnmooglik makke. Dûbeldtaligens (alles yn beide talen) is likemin in strukturele oplossing: it jout gâns ekstra wurk en ferheget de produksjekosten.

In omkearde wrâld
Yn Nederlânske kranten steane wolris (negative) berjochten oer de situaasje yn Sina. Sa krij ik geregeld it Tibet Journaal tastjoerd mei foarbylden fan hoe’t de Sineeske oerheid ûnderwiis yn it Tibetaansk yn Tibet mei geweld tsjingiet. Sa slim is it hjir net, al wurdt sûnt 1803 wól alle war dien om ûnderwiis yn it Frysk tsjin te gean troch iensidich te hammerjen op de needsaak en kwaliteit fan it Hollânsk. It docht dan ek frjemd oan, dat by in steatsbesite oan Sina, de fertsjintwurdigers fan Nederlân de opdracht meikrije om beslist de minskerjochten mei de Sineeske oerheid te bepraten.

Hoe sit dat eins yn eigen lân mei it Frysk? Yn de yn 2019 útbrochte 6e rapportaazje fan in kontrolearjende kommisje fan de Ried fan Europa wurdt wer oanjûn dat Nederlân noch altiten net foldocht oan alle ratifisearre ferplichtingen foar it ûnderwiis yn it Frysk (Europeesk Hânfêst). Sa wurdt der bygelyks mei klam op oanstien om it tal lesoeren Frysk (fak/fiertaal) yn it primêr ûnderwiis te fergrutsjen. Hoefolle moreel gesach hat de Nederlânske oerheid dan noch?

Yn dizze koroanatiid is der gâns noed oer in oprûne efterstân yn it Hollânsk (bygelyks by de Onderwijsraad), mar oft dat ek foar it Frysk jildt, haw ik fan dat heechste advysorgaan net heard. Wol haw ik sinjalen fan in trijetalige skoalle opheind om yn de koroanatiid it ûnderwiis te beheinen ta taal (Hollânsk) en rekkenjen en it Frysk mei in tal oare fakken foarearst oer te slaan. Oer efterstân yn it Frysk sprutsen! It is net om ’e nocht dat de Ried fan de Fryske Beweging yn novimber 2020 pleite hat foar Fryske simmerskoallen om efterstân yn it Frysk wei te wurkjen.

Foarbylden út it bûtenlân kinne helpe om de taalpolitike blynkape fan oerheid en skoallen ôf te setten. Sa skriuwt De Varennes, in rapporteur op it mêd fan minderhederjochten fan de Feriene Naasjes, dat ûnderwiis yn eigen taal in minskerjocht is en dat ûnderwiis allinne yn de lânstaal diskriminaasje betsjut. En dat yn in tiid fan it útstekken fan de ‘regenboogvlag’ op gebouwen en de – terjochte – stipe foar Black Lives Matter! Hoe selektyf kin men al net wêze as it om diskriminaasje giet.

In oar foarbyld om taaldiskriminaasje tsjin te gean is it ynlûken fan in plan om it Ingelsk as ferplichte fak yn de ûnderbou fan Welske basisskoallen op te nimmen. Meartaligens is op himsels net it probleem, mar bern moatte earst wól de kâns krije om har yn de eigen (minderheids)taal te ûntwikkeljen.

Kin in staveringsoanpassing helpe?
Foar de lêsfeardigens yn it Frysk is ûnderwiis nedich. By grutte ferskillen tusken útspraak en stavering fan it Frysk kin dat ta swierrichheden liede. Sa pleitet dichter Eppie Dam yn de LC en it FD okkerdeis foar in loslitten fan in fêste skriuwnoarm foar it Frysk. Net-Frysktalige koarleden hawwe gauris swierrichheden mei de útspraak fan ie, ii, i, y en ij. Dam stelt út OM de wurden hy en my tenei te skriuwen as hij en mij, omdat dy yn de Greidhoeke mei in ij útsprutsen wurde. It soe neffens him dúdlikens bringe, omdat de besteande regel fan in y-stavering de koarleden net út te lizzen falt. No binne der yn it Frysk regionale ferskillen: de Fryske streektalen. Yn de Wâlden wurde wurden as dy en my mei de y (fan Gryt) útsprutsen. Letterteken en útspraak binne dan wol wer mei-inoar yn ’t lyk.

No is ek in beheinde staveringsferoaring al gau ‘oarloch’ fanwegen alle foar en tsjin. Dam is sels ek net te sprekken oer de lêste staveringsferoaring mei de û yn útnûgje. Mar binne lês- swierrichheden yn syn algemienens mei in beheind tal staveringsferoaringen op te lossen? It Frysk hat bygelyks mear lûden as it Hollânsk dy hat en it Frysk is in oare taal as it Hollânsk mei oare wurden en konstruksjes.
It is net sa dat de Fryske Akademy net ris kritysk nei de stavering yn it Frysk sjen mei, mar mei it útstel driigje oarsaak en gefolch ferwiksele te wurden. Boppesteande tabel oer de tekoartsjittende lêsfeardigens yn it Frysk makket dat ek dúdlik. Net sasear de stavering, mar ûnfoldwaande romte op de skoallen foar goed lêsûnderwiis yn it Frysk liedt ta swierrichheden. Net allinne by net-Frysktalige koarleden, mar likegoed de Frysktalige en dy swierrichheden binne spitigernôch ek net beheind ta de y-stavering.

Grûnprobleem is in tekoart oan systematysk lêsûnderwiis en te min it geregeld it Frysk ûnder eagen krije, sa’t Jensma terjochte oanjout. It Frysk driget syn karakter te ferliezen troch op te skowen nei de ‘cognates’, sawol yn it Hollânsk as It Ingelsk: it Frysk erodearret mei troch te min (lês)ûnderwiis.

Samar in foarbyld. Nea en noait lykje in bytsje op inoar (kategory 2 by Bosma en Nota), mar ynstee fan nea yn kranten en lêsboekjes hieltyd faker noait te brûken is de stap nei nooit (‘cognate’) hast fanselssprekkend. Wêrom noch dy a skriuwe?

Mar is nea dan gjin argaysk wurd? Dam brûkt bygelyks it wurd tizeboel yn syn tekst, mar hoefolle Frysktaligen soene net warboel sizze? Tizeboel ek argaysk? Mienskip ek mar? Gemeenschap is dochs dúdliker en dan binne wy moai fan dy lêsswierrichheden fan ie en y ôf. Fan it Frysk ek?

Wa is ferantwurdlik?
No sizze guon dat it Frysk der al salang is en dat wy dêr gjin noed oer hoege te hawwen. Dam hat dy noed wol en stelt in skriuwnoarm út, dy’t better oanslút by de útspraak om it brûken fan it Frysk net yn it paad te stean. Slimmer is nei myn betinken dat de bern it Frysk net goed leare te lêzen en dus muoite hawwe mei de net op it Hollânsk lykjende wurden yn Fryske teksten sa’t it ûndersyk fan Bosma en Nota oanjout. In probleem dat yn it foarste plak troch de ferantwurdlike oerheid en in grut tal skoallen oanpakt wurde moat. It Frysk heart in lykweardich plak yn in konsept fan meartalich ûnderwiis te hawwen.

Mar moatte de âlden dan net better op ’e tromme slaan?

Yn in folgjend artikel mear oer dy ferantwurdlikheid fan âlden en dy fan de oerheid.

Tom Dykstra is foarsitter fan de Feriening Frysk Underwiis
jannewaris 18, 2021 10:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jabik jannewaris 18, 19:34

    Jo rinne achter/efter Dykstra of is it Dijkstra? Mienskip is tsjintwurdich al lang en breed “community” wurden. Dochs is it de muoite wurdich om nochris fierder te praten oer dy stavering dy’t troch guon hillich ferklearre is.

  2. Tom Dykstra jannewaris 20, 11:40

    Der is neat op tsjin de stavering tsjin it ljocht te hâlden, Mar feroarjen fan de stavering – mei alle foar en tsjin- is net dé oplossing foar it feit dat bern op skoalle amper lêsûnderwiis yn it Frysk krije. Dy wegering hat in oare eftergrûn en sil ek by in oanpaste stavering fan ie en y hanthavene wurde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.