Is mienskip itselde as mynskip? (1)

jannewaris 11, 2021 10:00

Undersyk nei lêsfeardigens yn it Frysk op basis fan it Hollânsk

troch Tom Dykstra

Lêsrak by de metoade Jaap en Lys (side 148). Ofbylding oernommen út Lange oanrin, koarte sprong fan K. Zondag, 2011.

Koartlyn wûn it Ingelsktalige ûndersyk Cognate facilitation (profyt hawwen fan taaloerienkomst) fan de taalwittenskippers Bosma en Nota de Klokhuis Wetenschapsprijsi. Mei help fan eye-trackermjitting (sjochpatroanen by it lêzen) kamen hja ta de konklúzje dat Frysktalige bern fan 9-12 jier dy’t it lêzen yn it Hollânsk leard hawwe, oerienkomstige Fryske wurden – cognates – bygelyks poes of bus, flugger lêze yn tsjinstelling ta net-oerienkomstige wurden sa as beam en beppe. Dat foel fansels te ferwachtsjen, omdat de bern it wurdbyld fan sokke identike cognates yn de Hollânsktalige les al faak ûnder eagen hân hawwe. Mar jout dit ûndersyk no nije mooglikheden om de Fryske lêsfeardigens mei help fan it Hollânsk te ferbetterjen, sa’t de ûndersikers fan betinken binne?

It ûndersyk fan Bosma en Nota
It doel fan it ûndersyk is om nei te gean oft twatalige bern tusken 9 en 12 jier by it lêzen gebrûk meitsje fan de oerlapingen tusken beide talen. De ûndersochte Frysktalige bern ha it lêzen yn it Hollânsk leard. It giet om mooglik ferskil yn harren lêsfeardigens by trije kategoryen fan wurden: yn beide talen identyk sa as boek/boek, in bytsje oars sa as beam/boom en hielendal oars sa as beppe/oma. It blykt dat de bern yn Fryske sintsjes de identike wurden flugger lêze yn ferliking mei de oare kategoryen, mar dat sa’n ferskil yn Hollânske sintsjes him net foardocht. It bringt de ûndersikers ta de stelling dat twatalige bern kennis fan harren earste lêstaal (Hollânsk) brûke by it lêzen fan harren memmetaal it Frysk.

Dat learlingen oerienkomstige wurden yn de beide talen makliker lêze kinne is net nij en wie yn de tachtiger jierren fan de foarige iuw al útgongspunt yn it saneamde Opstap-projekt. Yn in mingdtalige groep 3 waard it begjinnend lêzen úteinset mei klanksuvere wurden sa as dak, pak, poes, bus, ensfh.

Op grûn fan harren ûndersyk binne Bosma en Nota fan betinken dat der yn Nederlân wol mear omtinken foar twataligens komme mei. In bettere lêsfeardigens yn it Hollânsk kin dy yn it Frysk te’n goede komme, omdat lêze kinne in transferabele feardichheid is. Hja dogge de útspraak dat mooglik mear ûnderwiistiid foar it lêzen yn it Frysk net needsaaklik skealik wêze sil foar it lêze kinnen yn it Hollânsk (side 15).
Op it earste gesicht goed nijs fansels, want de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis is noch altiten net fanselssprekkend. It ferset tsjin mear omtinken foar it Frysk is ek net sasear ûnderwiiskundich as wol taalpolityk en taalideologysk fan aard. Sa leit de ‘PO-raad’ yn de diskusje oer mear foech nei de provinsje Fryslân bygelyks leaver de fokus op kwaliteit fan it ûnderwiis as op in útwreiding fan it omtinken foar it Frysk op skoalle (Kabinetsreaksje Fries yn 2011). Krekt as soe better ûnderwiis yn it Frysk de kwaliteit fan ûnderwiis skea dwaan!

In twatal opmerkingen by it ûndersyk
1. De elemintêre lêshanneling (lêze kinne)

Nei’t twatalige skoallen (sechstiger en santiger jierren) ferdwûn binne ûnder ynfloed fan de komst fan net-Frysktalige bern wurdt de elemintêre lêshanneling (fan lettertekens nei begryp) de bern yn it Hollânsk oanleard. Yn pjutteboartersplakken stiet de taalûntwikkeling yn it Hollânsk gauris ek al sintraal, al docht it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) alle war foar in twatalige ûntwikkeling.

Frysktalige bern ha fangefolgen by it lêzen learen sa te krijen mei in handikap: hja moatte de lêstechnyk net yn de eigen taal leare mar yn it Hollânsk, dat hja mear of minder behearskje. In fisk is no in ‘vis’ en in hynder blykt in ‘paard’ te wêzen. De Hollânsktalige bern binne yn it foardiel. Harren taal wurdt fersterke, wylst dat by de Frysktalige bern net it gefal is. Hja krije mei it Hollânsk de lêstechnyk wol ûnder de knibbel, mar – as in ûnbedoeld effekt – ek it gefoel dat harren thústaal der eins net ta docht. It Hollânsk kriget mear status en dat hat ynfloed op harren identiteitsûntwikkeling. In foarbyld dus fan hoe’t de ûntfrysking fan de Fryske mienskip ‘ûngemurken’ syn gong gean kin.

De (normale) regel, dat in bern it lêzen it maklikst leart yn de eigen (memmetaal)taal en dêr ek rjocht op hat, wurdt foar Frysktalige bern net honoreare. Hja leare it lêzen mei Veilig leren lêzen, mar it set tagelyk – as it dêrby bliuwt – in proses fan ferfrjemding fan eigen taal yn wurking. It gefolch is dan dat Frysktalige bern net gau in Frysktalich boekje pakke sille om’t hja minder ûnderfining en mear muoite hawwe mei it lêzen yn it Frysk.

2. In Fryske lêsline (in ynhelslach)

No is it net praktysk om yn groep 3 ferskillend-talige bern allegear yn de eigen memmetaal it lêzen te learen. As de skoalle foar it Hollânsk kiest, dan leare de Frysktalige bern – en ek de net-Frysktalige – wol de elemintêre lêshanneling, mar dat seit noch net folle oer harren lêsfeardichheid yn it Frysk. De cognate facilitation is dan net tarikkend. Sawol wat lêstekens as ek wat útspraak, foarm en betsjutting fan wurden en sinnen oanbelanget kin almeast net op it Hollânsk weromfallen wurde.

Yn Spoar 8, de Fryske taalmetoade foar it basisûnderwiis, is de Fryske lêsline opnommen. Fan groep 4 ôf kinne de bern – ek de net-Frysktalige – harren lêsfeardichheid yn it Frysk opbouwe.

It Frysk is klankriker as it Hollânsk. Lange lûden yn wurden lykas tiid en âld, twalûden as stien en djoer en in trijelûd as yn muoike freegje om in eigen oanpak. Fierders binne der ek noch letters mei streekjes en dakjes: it Fryske stâl (Holl.‘stal’) hat net allinne in oare betsjutting as it Fryske stal (Holl. ‘gestalte’, ‘vaste vorm’), mar ek in ferskil yn útspraak fan in lang [o:] en in koart lûd [o]. Sels yn it yn beide talen oerienkomstige wurd goed – in cognate – wurde g en oe yn it Frysk oars útsprutsen.
In bekend Frysk begryp as
mienskip (bekend fan LF2018) waard wol útsprutsen mei de Hollânske ie-útspraak (de koarte i fan ‘niet’) en klonk dan as mynskip (Holl. ‘mijn schip’), mar dan hawwe wy it net mear oer mienskip.

Krije de bern de kâns om in ynhelslach te meitsjen?

Yn it ynventarisearjend Rapport Taalplan Frysk It is mei sizzen net te dwaan út 2018 hawwe skoallen oanjûn oft de lêsfeardichheid yn it Frysk omtinken yn harren skoalprogramma hat (side 83-90).


Tabel: Persintaazje fan de Fryske basisskoallen dat it ferplichte kearndoel technysk lêzen yn it programma opnommen hat.

It tal skoallen dat al yn de ûnderbou (groep 3) de bern de lêsfeardigens yn it Frysk bybringt, is frijwol nihyl. Yn midden- en boppebou is der op rûchwei de helte fan de basisskoallen mear of minder omtinken foar de lêsfeardigens yn it Frysk. It hoecht jin dan ek net te fernuverjen dat der yn syn algemienens sprake is fan in grutte efterstân as it giet om de lêsfeardichheid yn it Frysk (de skoallen dy’t it goed dogge net te nei sprutsen).

Kin (it) ûndersyk fan Bosma en Nota helpe om dy efterstân yn te rinnen? De ûndersikers wolle graach mear ûndersyk dwaan nei bilingual children’s cross-linguistic representations, which might also benefit reading skills in Dutch (side 15). Faaks soe ûndersyk nei it wol of net gebrûk meitsjen fan de Fryske lêsline mear fertuten dwaan kinne foar de lêsfeardigens yn it Frysk.
Yn in folgjend artikel mear oer it belang fan lêsfeardigens yn it Frysk en yn it tredde artikel it healslachtige (ûnderwiis)belied fan de ferantwurdlike oerheid foar it Frysk.

Tom Dykstra is foarsitter Feriening Frysk Underwiis

jannewaris 11, 2021 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.