Is Annieke Otten fan Makkinga de bêste skoaljuffer fan Nederlân?
Resint ferskynd

Foto: pixabay.com
In 35-jierrige skoaljuffer út Makkingea is nominearre foar de titel ‘learaar fan it jier’ yn it basisûnderwiis. It giet om Annieke Otten. Hja wurket op ’e skoalle fan Nijensleek, yn Drinte. Se hat sels in nije rekkenmetoade betocht en dy wurdt benammen yn koroanatiid in protte brûkt troch bern dy’t thús les krije.
Der binne noch njoggen oare dosinten nominearre. Op 19 jannewaris heart juf Otten oft se yn ‘e top trije sit. De winner wurdt yn novimber buorkundich makke.
Boarne: Omrop Fryslân
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje