Intplakken yn Drachten en Snits

jannewaris 30, 2021 10:41

Fan begjin maart ôf kinne âldere minsken yn en yn ’e buert fan Snits en Drachten tichter by hûs foar koroana inte wurde. Yn beide plakken kinne deis 400 minsjen terjochte. It doel is dat der letter yn de maitiid op acht plakken yn Fryslân inte wurde kin. Op it stuit kin dat allinne yn Ljouwert yn WTC Expo.

Yn Snits komt de interij oan de Akkerwinde 1, fuort by de houten brêge Krúsrak. Yn Drachten is de lokaasje noch net bekend. By de útwreiding nei acht plakken wurdt tocht oan Dokkum, Frjentsjer, It Hearrenfean, Koudum en Easterwâlde. De mobile 60-plussers, de groep fan 18 oant 60 jier en in part fan it soarchpersoniel kin dan ticht by hûs teplak.

Tempo
GGD Fryslân hat op it stuit genôch faksins om deis 500 minsken te prippen. De bedoeling is dat dy kapasiteit útwreide wurdt. Fan de 650.000 ynwenners yn Fryslân sitte 338.000 tusken de 18 en 60 jier. Fan de 185.000 60-plussers moat noch útsocht wurde hoefolle der mobyl binne.

Eilannen
Foar in oanpaste oanpak op de Waadeilannen wurket de GGD gear mei de húsdokters en de gemeenten. Yn febrewaris wurdt begûn mei it intsjen fan de âlderein.

jannewaris 30, 2021 10:41
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. - jannewaris 31, 07:55

    Der is ferskil tusken ‘intsje’ en ‘ynintsje’.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.