In miljoen faksins komme letter
Resint ferskynd
In part fan de troch de Europeeske Uny bestelde koroanafaksins komt letter as minister De Jonge moandei yn syn Keamerbrief skreau. De Jonge ferwachte doe acht miljoen faksins yn de earste trije moanne fan dit jier. No docht lykwols bliken dat yn elts gefal 1,1 miljoen doases dêrfan letter komme.
Dat betsjut dat 550.000 Nederlanners mooglik letter yninte wurde as De Jonge moandei skreau. Fan de faksins binne twa doases de persoan nedich. It Dútske bedriuw Curevac stelt dat syn faksin yn april goedkard wurde kin troch de EMA. De Jonge ferwachte dêr 600.000 doases fan yn it earste fearnsjier, mar dy komme dus letter.
De bestelde faksins fan Pfizer-BioNTech sille ek net foar april komme. De Europeeske Kommisje bestelde ein desimber hûndert miljoen faksins ekstra. De Jonge melde de Keamer dat 500.000 dêrfan al yn maart yn Nederlân beskikber wêze soene. In wurdfierder fan de Europeeske Kommisje giet sels út fan july.
Foar it begjin fan de ministerried sei De Jonge freedtemoarn dat er him hieltyd basearret op de lêste ynformaasje fan de Europeeske Kommisje en de fabrikanten. En hy sei ek mei klam dat der hieltyd feroaringen komme kinne. Likernôch ien kear yn de twa wike komt der in bywurke faksinaasjeskema. De earstfolgjende kear is takomme wike tiisdei.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje