Ien opstaptaryf by oerstappen iepenbier ferfier

jannewaris 5, 2021 08:35

It dûbele opstaptaryf yn it iepenbier ferfier yn Fryslân en Grinslân is der fan 1 jannewaris 2021 ôf net mear. Dat jildt foar alle oerstappen binnen 35 minuten yn it regionale bus- en treinferfier fan Arriva en Qbuzz. Yn oerlis mei ferfierder Arriva en OV-buro Grinslân Drinte hawwe de provinsjes Grinslân en Fryslân besletten om it saneamde dûbeld opstaptaryf ôf te skaffen.

Foto: Provinsje Fryslân

In ritpriis yn it iepenbier ferfier bestiet út in fêst opstaptaryf en it kilometertaryf foar de ôfstân dy’t ôlein is. Earder waard by in oerstap fan trein op bus of fan bus op trein nochris it opstaptaryf berekkene. Dat dûbele opstaptaryf ferdwynt. Dat past by de mienskiplike ambysje om it reizgjen yn it Noarden noch tagonkliker te meitsjen. Foar it oerstappen fan bus op bus en trein op trein bestiet al langer gjin dûbeld opstaptaryf mear.

De nije treinkonsesje 2020-2035 makke it ôfskaffen fan it dûbele opstaptaryf fan bus op regionale trein mooglik. In oerstap fan trein op bus falt ûnder de buskonsesje. Dy konsesje rint noch en ôfskaffe is dêrom net mooglik. Om foar de reizger it dûbele opstaptaryf by in oerstap fan regionale trein op bus dochs ferdwine litte te kinnen, hawwe de provinsjes Fryslân en Grinslân besletten de busferfierder dêr finansjeel foar te kompensearjen.

jannewaris 5, 2021 08:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.