Henk Wolf: Wat mei behâld kostje?

jannewaris 20, 2021 13:55

Henk Wolf

Kollum

In soad talen buorkje hurd achterút. Sûnt 1950 binne al likernôch trijehûndert talen útstoarn en in pear tûzen talen binne sa faai dat se nei alle gedachten yn it jier 2100 net mear praat wurde. Tûzenen literatueren wurde ûntagonklik, tûzenen manieren om nei de wrâld te sjen wurde wei, tûzenen kultueren dy’t mei dy talen ferbûn binne, hâlde op te bestean.

Dat is gjin autonoom proses, alteast lang net altyd. Talen ferdwine net omdat minsken sels betinke dat se se net mear prate wolle. Troch ekonomyske of politike omstannichheden moatte minsken ferhúzje of krije se safolle nije buorlju dy’t in oare taal prate, dat se harres yn ‘e praktyk net mear brûke kinne. Talen wurde ferbean of oare talen wurde ferplichte. Of subtiler: minsken krije alle dagen wer te hearren dat in oare taal in stik wichtiger is as harres en dat har eigen taal wol bestean mei, as dy dy wichtigere taal mar net tefolle yn it paad sit.

Net allinne de talerykdom is faai. Sjoch ris hoe’n soad plante- en bistesoarten op útstjerren steane. Sjoch nei de regionale kultueren dy’t ûnder druk steane en – as jo tinke dat soks spontaan gebeurt – lês dan ris it boek De eenwording van Nederland fan Knippenberg & De Pater om te sjen hoe’t dat allegear it gefolch is fan bewust belied, al in pear hûndert jier lang.

It libben wurdt der ienfoarmiger fan en de skea is hast net wer goed te meitsjen. Dat jildt ek foar in oare skea, dy oan it lânskip. Tink oan wat de ruilferkaveling stikken makke hat, oan al dat ljocht oeral dat soarget foar it útstjerren fan ynsekten en it fersteuren fan it leefpatroan fan fûgels. Tink oan al dy nije diken dy’t allinne mar mear auto’s oanlûke en nettsjinsteande Natura 2000 de wengebieten fan allegear bisten yn stikken knippe. Tink oan de opwaarming fan ‘e lucht om de ierde hinne dy’t knoeit mei de simmers en winters sa’t wy dy koenen, mei ús wetterstannen, ús winen en de eroazje fan ‘e boom.

Is dêr neat oan te dwaan? Kinne oerheden talen net behâlde? Kultueren behâlde? Soarten behâlde? It nachtlike tsjuster behâlde? Alde paden behâlde? It trochrinnend grien behâlde?

Ja, fansels kinne se dat. Mar se achtsje de priis te heech. It mei net op kosten gean fan ‘e nasjonale ienheid, fan ‘e taalmearderheden, fan ‘e frijheid fan skoallen, fan ‘e wolfeart, fan ‘e ekonomy, fan it gefoel fan feiligens.

Dêr is wat foar te sizzen. Polityk is it tsjininoar ôfwagen fan belangen. De ien kent oan meartaligens mear wearde ta as oan nasjonale ienheid, de oar just minder. De ien fynt it fuortbestean fan in fûgelsoarte wichtiger as in nijbouwyk, de oar sjocht it krekt oarsom. De ien fynt it wichtich dat minsken har op strjitte feilich fiele, de oar hâldt it hoe dan ek leaver tsjuster nachts. Soks kin men oer diskusjearje.

Oars wurdt it as hele basale rjochten de priis binne foar belied. Wat basale rjochten binne, kin men fansels ek oer diskusjearje, mar as se yn grûnwetten en ynternasjonale ferdraggen steane, dan kin men se wol ‘basaal’ neame. De frijheid om jin frij bûtendoar te bewegen is sa’n basale frijheid. Wol in oerheid dy frijheid ynnimme om wat te berikken, dan is dy priis sa heech dat der heel wat wichtichs foar kocht wurde moat.

It behâld fan talen, fan soarten, fan kultueren, fan lânskippen – binne dat saken dêr’t men sa’n hege priis foar betelje wol? Oant no ta net. Wat kin dan noch safolle wichtiger wêze dat dy priis wol rjochtfeardige is? It behâld fan ‘e planeet? It foarkommen fan in wrâldoarloch? It moat doch wat wêze dat safolle wichtiger is as de dingen dy’t ik krekt neamd ha, dat men it oer in pear hûndert jier noch fielt as dy frijheidspriis no net betelle wurdt. Oars hie de polityk dy priis ommers al lang graach betelle foar it behâld fan dy dingen dy’t de minsken oer hûndert, twahûndert jier noch heeltyd misse sille as se dan fuort binne.

jannewaris 20, 2021 13:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.