Henk Wolf: In útstel foar in fruchtberder publyk debat

jannewaris 8, 2021 23:23

W.F. Hermans syn Mandarijnen op zwavelzuur haw ik lang lyn mei wille lêzen, krekt as syn boek Onder professoren. It fileine fan de tûke, selsstannich tinkende man hie wat ferfrissends. Boppedat wie it goed skreaun en faak grappich. Fan de ‘grote drie’ wie Hermans myn favoryt.

Wilens is it lang lyn dat ik wat fan him lêzen ha en ik freegje my ôf oft ik der no noch aardichheid oan ha soe. Wêrom? Wel, dat fileine is der no de hele dei troch. Ik sjoch it al jierren op websites en kin my wol begripe dat guon kranten net mear wolle dat minsken reaksjes ûnder stikken op har website pleatse. Facebook wimelet fan folwoeksen minsken dy’t kringich tsjininoar dogge, sels op It Nijs kom ik der fan tiid ta tiid gefallen fan tsjin. En sa’t ik yn 2008 foar it wurk mei Facebook begjinne moast, bin ik in pear wike lyn foar it wurk op Twitter begûn en dêr is it noch helte slimmer. Politisy, sjoernalisten, wittenskippers – rûnom passyf-agressyf gedrach dat men earder typysk foar puberfamkes fûn, lêst men no rûnom. En it is, oars as by Hermans, lang net altyd goed skreaun of grappich.

Dy’t oan ‘e taap sit te bearen, dy docht dat fansels net allinne om ynformaasje oer te dragen, mar ek om efkes te spuien en miskien in bûnsmaat te finen. Hy brûkt de saneamde fatyske (gefoels-)funksje fan taal. Dy oanstriid is frij algemien minsklik, mar earder soargen redaksjes derfoar dat minsken wat tsjin harsels beskerme waarden as se fatysk praat fia kranten of tydskriften de wrâld yn bringe woenen. Ommers, de wrâld lêst mei en ynstee fan in hooplik begrypfolle en oars op syn heechst fan twa fûsten foarsjoene kroechmaat, kin men no de folsleine wrâldbefolking tsjin jin yn it harnas jeie. En net allinne de skriuwer waard beskerme, de debatkultuer ek. Wol it publike debat wat opsmite, dan moat men der al oan dielnimme doare en boppedat net omkomme yn in brij fan yrrelevante kibberaasjes dy’t jin it sicht op ‘e argumintaasjes ûntnimme.

It publike debat, de frije útwiksel fan gedachten, ideeën, mieningen is in goed ding, miskien wol de wichtichste ferwurvenheid fan ‘e moderne tiid. In frij debat is de bêste manier om jin te ûntwikkeljen en de wrâld fan bettere ideeën te foarsjen. Sa’n frije útwiksel kin men op allegear manieren oan dielnimme: mei koarte of lange stikken, aforismen, cartoons of grappen, kabaret of sjippekisteredes, lêzingen of gearkomsten, weblogs of rûnetafelpetearen. Elk ûnderwerp, elke miening en in soad foarmen om dy te uterjen kinne minsken ynsprirearje, frustrearje of op in oare manier oan it tinken sette.

Dan kin in oar miskien lulk fuortstampe as er mei de ynhâld of de foarm ûniens is en dat mei hinnebruie. Mar rabje, twivelje oan de oar syn ferstân, ien útskelle of fertocht meitsje – alles wat men fanâlds as ad hominem betitelet, dat is it fuortjeien fan minsken dy’t miskien bêst mei jo yn petear wollen hienen. Soks slacht it petear dea ynstee fan it op gong te hâlden. No hoecht net elke diskusje fierd te wurden, elk hat it rjocht om in petear dêr’t er gjin fruchten fan ferwachtet, út ‘e wei te gean of ôf te brekken, mar sa’n ien kin dan noch oan in iepen diskusjekultuer bydrage as er him mar gewoan stilhâldt – of byneed it persoanlik sear bûten de iepenbierheid oan ‘e oar oerbringt, sûnder dat de rest fan ‘e wrâld meilêze of meiharkje kin. Dy’t it sa docht, stiet der sels ek noch better op.

Dêrom stel ik foar om de iepenbierheid wer foar ynhâldlik debat te brûken en om oaren folle mear te negearjen as men net ynhâldlik mei har yn debat wol. Om it mei in metafoar te sizzen: it doarpsplein is der om te praten en nei ôfrin ôf te fûstkjen en in bierke te drinken, dy’t syn nocht hat, kin byneed fuortrinne, mar rúzjes fjochtet men út op plakken dêr’t in oar it net fernimt.

En mei de bekende splinter en balke yn ‘e achterholle: elk is blyn foar syn eigen flaters, dat mocht ik my ris en public oan in persoanlike oanfal bekweadige ha, lit it slachtoffer dan efkes kontakt opnimme.

jannewaris 8, 2021 23:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.