Henk Wolf – Groetnis út it Sealterlân: earme bûtenlânske berntsjes

jannewaris 27, 2021 22:49

Kollum

Fansels binne sokke lûden yn Fryslân ek wol te hearren: wy ha sa’n soad bûtenlânske bern op skoalle, dy kinne wy it net oandwaan om Frysk te learen. Earst mar ris goed Nederlânsk leare, dat is al wurk genôch.

Byneed kin men foar ‘bûtenlânsk’ ek ‘Grinslânsk’ ynfolje, mei in justjes oare redenaasje. Of ‘Hollânsk’.

Doch skrok ik in bytsje doe’t ik it sa eksplisyt sizzen hearde yn it Sealterlân. Sealtersk op skoalle waard wichtich fûn, mar net tefolle, want al dy bûtenlânske berntsjes hienen it al sa dreech mei it Dútsk.

Op in beskate manier is it fansels goed bedoeld: minsken wolle bern net tefolle belêstigje. Allinne hâldt dat der gjin rekken mei dat skoalle der is om te learen. Bern leare de hele dei troch en net ien komt op it idee om it rekkenjen mar fan it program te skrassen, want se moatte earst Frysk leare en dat kostet al muoite genôch.

Op in oare manier is sok sizzen ek misledigjend foar de learlingen sels. Der wurdt mar fan útgongen dat se soks net oankinne, twa talen leare. Koal, fansels, alheel by bern. Men hoecht net iensen fan de aldernijste ûntwikkelingen yn ‘e taalûnderwiiskunde op ‘e hichte te wêzen om te witten dat bern talen boartsjendewei oppikke. Der binne genôch ûnderdompelingsskoallen op ‘e wrâld dy’t sjen litte dat bern prima in taal op skoalle oppikke kinne, yn in tiid dy’t foar de folle kognitiver ynstelde folwoeksen minsken om har hinne ûnbegryplik koart is.

Maatskiplik is de redenearring ek in probleem. Men seit yn wêzen dat de taal fan de regio him net mear ûntwikkelje kin omdat der bern yn de regio wenje mei famylje dy’t dêr net wei komt. Sa stelt men dy bern as in probleem foar. Ek wer koal – hoefolle generaasjes nijkommers ha yn it ferline gjin Frysk, Sealtersk, Grinslânsk en neam mar op leard. Sjoch ris nei al dy Frysktaligen dy’t Brünner, Poiesz of Claus hite.

Misledigjend is sa’n redenaasje boppedat foar de sprekkers fan de taal. Dy krije te hearren dat har taal minderweardich is oan de lânstaal. It learen fan ‘e lânstaal is wol wichtich genôch, mar de regionale taal moat mar op in safolste plak komme. Dat is fansels tsjin alle emansipaasje-ideeën yn. In oerheid dy’t in taal behâlde wol – en in skoalle dy’t dêr in taak yn hat, dy soenen soks net ferkundigje moatte. Taalbehâld en talige emansipaasje betsjutte in kar foar likense behanneling of sels, as ien fan beide talen maatskiplik swakker stiet, in foarkarsbehanneling foar dy taal.

Ik tink dat wat ynternasjonale útwiksel wol goed is. En dan moat der miskien mar ris in ‘Friesin mit Migrationshintergrund’ mei dy’t freget hoe’t it kin dat ien dy’t al jierren yn it Sealterlân wennet noch heeltyd gjin Sealtersk praat.

jannewaris 27, 2021 22:49
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 jannewaris 28, 10:59

    It docht my tinken oan de opfettingen fan eartiids dat bern perfoarst net meartalich wurde moasten, want ien taal wie al dreech genôch. No is meartaligens hiel gewoan en de measten sjogge de foardielen der wol fan yn.

    Ik hoopje dat dyn arguminten oare minsken oartsjûgje kinne en dat ûnderwiispersoniel en âlden yn de takomst rasjoneel mei it Sealterfrysk omgeane. Dat sil in hiele toer wurde, mar ik tink dat minsken de arguminten faker hearre moatte.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.