Henk Wolf – Groetnis út it Sealterlân: ‘Brauchtum’?

jannewaris 14, 2021 09:01

In pear wike lyn siet ik yn it Sealterlân mei ien te praten en doe kamen wy op de wurden foar mûlekapke, dingen dêr’t jo earder net oer praten, mar dy’t no it strjitbyld útmeitsje. Yn in protte talen binne dêr, mei troch de media, al gau wurden foar ynboargere rekke. Yn it Nederlânsk is mondkapje al in gewoan wurd. Yn it Dútsk kin men noch kieze tusken it tige formele Mund-Nasen-Schutz en de wat deistiger wurden Mundschutz en Mundmaske. Yn it Frysk kin men byneed stride oer de fraach oft der yn mûl(e)kapke no in -e- moat of net. Mar men is oeral aardich wis oer wat men sizze kin of moat.

Dat is mei it Frysk yn Dútslân wol oars. Net sa gek, fansels, want safolle wurdt der yn dy talen net skreaun en de politisy op ‘e televyzje brûke se ek net om oer de koroanakrisis te praten. Foar it Nederdútsk en allegear oare minderheidstalen jildt dat fansels ek. Dat wie in reden foar allegear taalmienskippen om sels wat te betinken. Yn wedstriden waard foar it Nederdútsk it (miskien wat te grappige) Schnutenpulli betocht, de Noard-Fryske wedstryd smiet müsdök op en ik wie ien fan ‘e organisators fan ‘e Sealterfryske wedstryd, dêr’t juster Sküüldouk as winner achterwei kaam is.

Oer omtinken hienen wy net te kleien: kranten, parseburo’s, radio, televyzje – de media yn Dútslân stoarten har der fan it begjin op, mear as ien kear mei it argumint: it giet noch wol oer koroana, mar teminsten op in wat luchtiger manier – dêr ha de minsken ferlet fan. En dat is fansels prima.

Wat my al in bytsje ferwûndere, is dat ferskate nijswebsites oan it nijs oer de wedstryd it labeltsje Brauchtum hongen ha. Dat wurd is net sa heel maklik oer te setten. It sit wat de oarsprong oangiet ticht by ús brûkme, mar komt wat de gefoelswearde oangiet tichter by tradysje of sels folkloare.

En eins is dat wat apart. Us wedstryd is fansels aardich, mar it is gjin folkloare om sokke wedstriden út te skriuwen. Wurdsjebetinkwedstriden binne benammen yn it Internettiidrek populêr wurden.

Wat is der dan folkloristysk oan? Soe in wurdsjewedstryd yn it Dútsk of Nederlânsk ek it labeltsje Brauchtum krije? Of soe in stik oer in aksjegroep dy’t him ferset tsjin it brûken fan in wurd dat label krije? Ik tink it net.

Soe it sa wêze dat de Dútske media alles wat oer it Sealterfrysk giet automatysk as Brauchtum betitelje? Sa ja, dan ha de Friezen yn Dútslân noch wol wat emansipatoarysk wurk te dwaan, as offisjeel erkende minderheid. Want de deistige taal fan minsken, de taal dy’t se op basis fan min advys de ôfrûne desennia amper oan har bern trochjûn ha en dy’t no sels yn it eigen taalgebiet net mear de mearderheidstaal is, dy is gjin folkloare.

jannewaris 14, 2021 09:01
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Tom Dykstra jannewaris 20, 11:22

    Sokke wedstriden binne wichtich om nije wurden as lockdown in eigen gesicht te jaan. Dingtiid hat it yn syn advys oer in nij Kennisberie , mar de Fryske Akademy kin daliks begjinne mei aktiviteiten om de taal by de tiid te hâlden. Is tichtplicht in goed Frysk alternatyf?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.