GGD Fryslân begjint thúswenjende 85-plussers te faksinearjen

jannewaris 23, 2021 08:53

Takomme wike begjint GGD Fryslân mei it faksinearjen fan de 85-plussers dy’t noch selsstannich wenje. It kabinet hat besletten om dy groep nei foaren te heljen om sa de druk op de soarch lytser te meitsjen. Lanlik is ôfpraat om dêr it Pfizer-faksin foar te brûken.

De thúswenjenden dy’t mobyl binne, wurde yn it WTC Expo yn Ljouwert inte. De twadde prip krije se net nei trije, mar nei fiif wiken. Tsjin dy tiid is der nei alle gedachten wer genôch Pfizer-faksin beskikber.

De 85- oant 90-jierrigen krije takomme wike in útnûging fan it RIVM en kinne mei in lanlik nûmer skilje om in ôfspraak te meitsjen. Mobile 90-plussers wurde troch de húsdokter útnûge om in ôfspraak te meitsjen. Dy beoardielet de mobiliteit fan syn/har pasjinten. Wa’t net nei in sintrale priplokaasje kin, wurdt letter troch de dokter sels inte.

It Ryk giet oer de folchoarder fan it intsjen. Dy folchoarder wurdt oanhâldend evaluearre en oanpast as dat nedich blykt te wêzen. De beskikberheid fan faksins spilert dêr ek in rol by.

Mear ynformaasje is te finen op www.ggdfryslan.nl/coronavirus en op Rijksoverheid.

jannewaris 23, 2021 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.