FUEN: EU kin ideeën foar better minderheidstalebelied net samar oan ’e kant skowe

jannewaris 21, 2021 18:07

De ynternasjonale minderhede-organisaasje FUEN is it net iens mei it beslút fan de Europeeske Kommisje om it belied foar taalminderheden te litten sa’t it wie. Dat skriuwt de organisaasje yn in iepen brief.

De Europeeske Kommisje is fan betinken dat der al genôch dien wurdt foar lytse talen lykas it Frysk. FUEN wiist derop dat in protte talen faai binne en dat de organisaasje just frege hat om ekstra maatregels, dy’t no noch net nommen binne.

De njoggen ideeën waarden ein ferline jier yn it Europeesk Parlemint bepraat. Se wiene earder mei mear as in miljoen hantekenings derûnder oan de Europeeske folksfertsjintwurdiging oanbean, dy’t dat saneamde Minority Safepack yn grutte mearderheid entûsjast oanpriizge. It deistich bestjoer fan ‘e Europeeske Uny, de Europeeske Kommisje, woe der lykwols net oan.

It hie sa maklik west om te stimulearjen dat lannen ûnderfiningen útwikselje mei har taalpolityk, skriuwt FUEN. Dat wie ien fan ‘e ideeën. Fierders hie de Europeeske Uny der wat oan dwaan kinnen dat radio- en televyzjestjoerders yn minderheidstalen faak allinne yn de regio te ûntfangen binne, sadat bygelyks Katalanen yn Frankryk bygelyks net de Katalaansktalige televyzje út it Spaanske Kataloanië ûntfange kinne.

Neffens FUEN leit de Europeeske Kommisje de ferantwurdlikens no by de lidsteaten, wylst de heechte Europeeske rjochter oardiele hawwe soe dat de soarch dêrfoar ek in taak fan de EU as gehiel is.

jannewaris 21, 2021 18:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.