Fryslân DOK: Ien skoalle, santjin talen

jannewaris 27, 2021 08:51 Fernijd

Op it sterke fûnemint fan de memmetaal bouwe bern makliker in twadde taal. Hoe giet dat op in skoalle mei mar leafst santjin ferskillende thústalen? Fryslân DOK is op de IKC Sint-Jozefskoalle op It Hearrenfean.

In Eritreeske mem lêst har bern foar (foto: Omrop Fryslân)

Regisseur Thom Verheul filmet op dy skoalle, dêr’t in treddepart fan de 117 bern thús in oare taal praat as it Nederlânsk. Der is in grut ferskaat yn komôf en sosjale ûntwikkeling. Wittenskiplik ûndersyk lit sjen dat bern mei in rike taalûnderfining makliker in oare, frjemde taal leare. Meartalichheid wurdt op de Sint Jozefskoalle sjoen as in pree. Oft it no Frysk, Ingelsk, Arabysk of Nederlânsk is, de wurdearring is itselde. It brûken fan de memmetaal wurdt stimulearre, omdat dêrtroch it learen fan it Nederlânsk ek better giet.

Coco
It bekroande printeboek Coco kan het fan Loes Riphagen is yn sân talen útbrocht, sadat de âlden it yn de eigen taal oan de bern foarlêze kinne. It boek giet oer in fûgel dy’t earst net doar te fleanen, mar letter dochs de moaiste foarmen yn ‘e loft makket. Mei dat boek leare bern om har, krekt as Coco, emosjoneel te uterjen yn har eigen memmetaal. Sa wurdt de yntegraasje fan âlden en bern fersterke. It doel is gelikense kânsen yn it ferfolchûnderwiis, sûnder it probleem fan in taalefterstân. It foarlêsprojekt wurdt yn ‘e mande mei de Bibliotheek en it Digi-Taalhuis op It Hearrenfean dien.

Fryslân DOK: ‘Ien skoalle, 17 talen’
Sneon 30 jannewaris, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 31 jannewaris 13.10)
Snein 31 jannewaris, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

jannewaris 27, 2021 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.