Fryslân DOK: ‘De berchrede fan it flakke lân’ – diel 4
Resint ferskynd
Fryslân DOK-searje ‘De berchrede fan it flakke lân’ – diel 4
Yn de maitiid fan 2020 ferlamme de koroanakrisis de maatskippij foar in grut part. Mar dy opleine stilte joech ek romte om nei te tinken oer de takomst. Hoe sil de wrâld derút sjen nei de krisis? Wat wolle wy weromfine, wat moat oars en better? Fryslân DOK frege acht tinkers in essay te skriuwen mei harren ideeën foar it post-koroanatiidrek.
Programmamakker Bart Kingma gie mei harren yn petear. Mei-inoar foarmje dy ferhalen ‘De berchrede fan it flakke lân’. Elkenien skriuwt syn part en wiist yn in rjochting dy’t wy ynslaan kinne, as wy dat wolle. Under it motto ‘It lân fan moarn freget de moed fan hjoed’ makke Fryslân DOK fjouwer ôfleveringen mei alle kearen twa skriuwers. Oan it wurd komme: boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach, kultureel ûndernimmer Oeds Westerhof, biolooch Theunis Piersma, terapeute Greet Andringa, sjongeres Nynke Laverman, sivyl yngenieur Govert Geldof, filosoof Jabik Veenbaas en politika Anja Haga.
23 en 24 jannewaris diel 4: Jabik Veenbaas en Anja Haga
De útstjoeringen binne: sneon 23 jannewaris om 15.30 oere by NPO2 (werhelling snein 13.10 oere) en snein 24 jannewaris om 17.00 oere by Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje