Fryslân as it grutte foarbyld foar nij haad Dútske minderhede-organisaasje

jannewaris 17, 2021 20:07

Helen Christiansen

“It is foar ús ûnfoarstelber dat men in bank yn stapt en dêr yn it Frysk holpen wurdt”, seit Helen Christiansen. Hja is sûnt novimber it haad fan it MKN, in nije Dútske organisaasje foar it stypjen fan autochtoane taalminderheden yn de noardlike dielsteat Sleeswyk-Holstein. Frou Christiansen komt út it Dútske Noard-Fryslân, mar hat in skoft by Omrop Fryslân yn Ljouwert wurke, dêr’t se yn koarte tiid it Westerlauwersk Frysk en Nederlânsk leard hat. Yn it Flensburger Tageblatt en op it webstee fan it Dútske minderhedesekretariaat fertelt se oer har earste ûnderfiningen.

De ûnderfiningen dy’t hja yn it Nederlânske Fryslân opdien hat, hawwe ynspiraasje opsmiten foar in belied dat de taalminderheden yn Dútslân stypje moat. Dat binne de Noard-Friezen, de Deensktaligen, de Sigeunerfolken Sinty en Roma en de minsken dy’t Nedersaksysk of Nederdútsk prate.

Frou Christiansen hat yn Denemarken en Turkije studearre. It Deensk en Turksk kin hja goed prate. Fierders praat hja Noard-Frysk, Nederdútsk, Dútsk en Ingelsk. Hja is tige meartalich, mar fielt har tagelyk tige Frysk. Yn har kantoar hinget in Fryske flagge mei de tekst Leaver dea as slaaf, dy’t se “ôfgryslike moai” neamt.

De organisaasje MKN jout troch de koroanakrisis op it stuit benammen skriftlik ynformaasje, mar de organisaasje hat ek in online-kongres oer taalminderheden organisearre en wol dit jier in grut evenemint oangeande lytse talen organisearje.

jannewaris 17, 2021 20:07
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. H Elverdink jannewaris 18, 20:46

    Wol apart dat se by de Omrop wenne hat

  2. Redaksje jannewaris 19, 10:36

    Dat moat in typflater west hawwe, Elverdink. Underwilens stiet der dat se dêr wurke hat.

  3. Jan A. Schulp jannewaris 21, 14:46

    Ik lês neat oer it Sorbysk. Falt dat net ûnder de kompetinsje fan it minderhedensekretariaat?

  4. H. jannewaris 21, 14:58

    De Sorben libje yn Brandenburg en Saksen, dizze organisaasje is foar Sleeswyk-Holstein.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.