Fryske skieppehâlders wolle stek om provinsje om wolf te kearen

jannewaris 8, 2021 10:35

Fiif Fryske skieppehâlders, feriene yn de stifting Wolvenhek Fryslân, wolle dat der in stek om de provinsje hinne set wurdt. Dêr moat mei tefoaren kommen wurde dat de wolf him yn Fryslân fêstiget. It stek moat mear as 150 kilometer lang wurde. De kosten wurde rûsd op sa’n twa miljoen euro.

Foto: pixabay.com

De wolf wurdt út en troch sinjalearre yn Fryslân, de ôfrûne dagen noch yn ’e Alde Feanen. Ferline jier makke in wolf dy’t yn de noardlike provinsjes omswalke, tsientallen skiep dea. De oerheid bea oan om de oanskaf fan wolve-omfredingen te fergoedzjen oan yndividuele boeren. Neffens de stifting is dat net genôch, want it smyt in protte ekstra wurk op dat net fergoede wurdt. Boppedat soene de omfredingen en netten it lânskip te folle feroarje. In grut stek soe effektiver en goedkeaper wêze.

It plan waard tongersdei presintearre yn De Haach. Ferantwurdlik deputearre Klaas Fokkinga stiet net efter it idee. “As se letterlik in stek om de provinsje delsette wolle, is dat in ûnmooglik plan”, sei er tsjin Omrop Fryslân. Under mear omdat it stek ek lân trochkrúst dat yn partikulier besit is. Neffens de stifting Wolf-Fencing Nederlân is it plan hast net útfierber. “It moat in stevich stek wêze, mei stroomtried. Sunder stroom springe wolven deroerhinne of grave se der ûndertroch”, sei in wurdfierder tsjin RTV Noord.

jannewaris 8, 2021 10:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.