Frysk Museum lient personiel út oan soarchgroep

jannewaris 26, 2021 09:37

In oantal baly- en befeiligingsmeiwurkers fan it Frysk Museum sil de kommende wiken oan it wurk as gasthear en -frou yn ’e soarch. Fia FMXXL, in saaklike freon fan it museum, kaam de gearwurking ta stân. De museummeiwurkers stypje de soarchgroep Liante, lokaasje Sinnehiem te Haulerwyk. Troch oanskerpe besitebelied hie de soarchgroep daliks minsken nedich by syn servicebaly. It museum hat publyksmeiwurkers mei in soad ûnderfining en dy’t al betûft binne yn it koroanafeilich ûntfangen fan oanmelde besikers. Sa kin it museum dochs, no’t it ticht is, maatskiplik in bydrage leverje.

Johannes Roukema, befeiliging (foto: Ruben van Vliet)

Direkteur Kris Callens: ‘As kultuerorganisaasje sette wy al jierren yn op de gearwurking mei soarchynstellingen. Alderen kinne tanksij spesjale programma’s, lykas de MuseumPlusBus, nei koroanatiid hooplik gau wer nei it museum ta. Wy hawwe ek spesjale programma’s foar minsken mei in beheining of demintens en harren begelieders. Dat wy no yn koroanatiid ynstellingen helpe kinne, komt fuort út dy gearwurking. Us befeiligers en publyksmeiwurkers leare in soad fan dy ynset. Sa meitsje wy it Frysk Museum en Keramykmuseum Prinsessehôf noch better tagonkllik en gastfij yn de ‘age friendly city’ Ljouwert.’

Fan museum nei wensoarchsintrum
Hoewol’t by it museum efter de skermen in soad wurksumheden trochgean kinne, is de sluting foar foaral de meiwurkers dy’t direkt mei it publyk omgeane goed te fernimmen. Yn wensoarchsintrum Sinnehiem fan soarchgroep Liante, ûntstie troch de oanskerpe besitemaatregels in akút tekoart oan servicebalypersoniel. In saaklike freon fan it museum, FMXXL, brocht de twa organisaasjes mei-inoar yn kontakt. Fiif entûsjaste museummeiwurkers sille oan it wurk by Sinnehiem. Hja kinne harren ûnderfining yn it feilich en ferantwurde ûntfangen fan besite daliks tapasse yn harren wurksumheden by de resepsje yn Sinnehiem. Dat docht it Frysk Museum belangeleas, yn alle gefallen salang’t it museum ticht is.

jannewaris 26, 2021 09:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.