Frysk jûnsklokformulier hjir del te heljen

jannewaris 24, 2021 19:17

Wa’t jûns nei njoggen oere noch perfoarst op ‘en paad moat, is in saneamde ‘eigen ferklearring jûnsklok’ fanneden. Dy komt der yn tal fan talen om nij-ynkommelingen te geriven, mar lykas wenst waard de twadde rykstaal ynearsten efkes fergetten. FNP-Steatefraksjefoarsitter Sijbe Knol wie freedtemoarn lykwols op syn iepenst. Hy luts deputearre Sietske Poepjes oan de jas, dy’t fuortendaliks prikken yn it wurk stelde om mei help fan Afûk en Fryske Akademy mei kûgelsfeart in Fryske ferzje fan it formulier ree te krijen, dat no al yn it assortimint fan de Ryksoerheid opnommen is.

Knol is lykwols min oer de gong fan saken te sprekken. “It moat alle kearen wer by de helsdoarren weiskuord wurde”, prottele er neffens de Ljouwerter Krante. Knol besaut him deroer dat it Frysk algeduerigen troch it ryksgear fergetten wurdt, wylst ferantwurdlik minister Kajsa Ollongren okkerdeis noch betterskip ûnthjitten hat, nei’t ûnder oaren it donorformulier ynearsten net yn it Frysk te besetten wie.

Hawar, eltse Fries dy’t jûns let mei in jildige reden de dyk noch op moat en oanholden wurdt, kin in permisje yn de eigen taal oerlangje. It oanbelangjende formulier is hjir te besetten. Klik op 253.084_Eigen+ferklearring_avondklok_01a om it del te heljen.

jannewaris 24, 2021 19:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.