Frijheid fan mieningsutering fersus beskerming tsjin breinwaskjen

jannewaris 21, 2021 18:41

Skôging troch Nanne Hoekstra

Abbekaat Tjalling van der Goot pleitet foar it rjocht fan earder presidint Trump om syn miening te uterjen op sosjale media. It is in nijsgjirrige fraach oft frijheid fan mieningsutering ek betsjut dat dy miening yn al syn hear en fear, sûnder it filter fan de wenstige massamedia, oan tsientallen miljoenen minsken oerbrocht wurde moat. De wetjouwer kin dy kant wol út wolle, lykas Van der Goot ferdútst, mar de oerheid lit it folslein oan de merk oer om dêrfoar te soargjen. Dy merk bestiet no út in pear ûnbidich grutte sosjale-mediabedriuwen. Mei harren eigen regels. Sadat dy bygelyks Swarte Pyt op harren territoarium ferbiede, om’t se dêr mei harren Amerikaanske nearhertigens de eigen Blackface yn werom miene te sjen. Ik brûk mei opset it wurd ‘territoarium’. Want dy sosjale-mediabazen kinne yn harren domeinen eigen regels hantearje foar de tsjinsten dy’t hja fergees (!) oanbiede. As wy dat net wolle, moatte we alternative netwurken oprjochtsje, dy’t demokratysk bestjoerd en troch de rjochterlike macht kontrolearre wurde.

Earder presidint Trump (foto: Wikipedia/Shealah Craighead – publyk domein)

It is lykwols de fraach oft it dan wier better gean sil. Sa hat fjouwer jier lyn it karkolleezje, dat yn de Amerikaanske demokrasy mei opsetsin noch in filter foarmet tusken de kiezer en de kar foar presidint, syn ûnnut bewiisd troch gewoan te stimmen foar de gefaarlike idioat dy’t it folk útkeazen hie. Lang om let ha de sosjale-mediabedriuwen no harren ferantwurdlikheid naam en syn megafoan útset. Mear as 30.000 – troch The Washington Post telde en kontrolearre – leagens en misliedende útspraken, dy’t in protte minsken leauden meidat se dien waarden troch de machtichste man fan de wrâld, wienen dêr noch net genôch foar; it ferge in oantrún ta revolúsje foar’t de sosjale-mediabazen einlings safier wienen. Grif sille se ek kommersjele motiven hân hawwe. Mar se ha teminsten by einbeslút rjochtdei holden. Dat liket my in goed ding, want demokrasy is kwetsber wylst minsken, sa docht bliken, noch like maklik te beynfloedzjen binne as bygelyks yn it Dútslân fan de tritiger jierren.

De ûnbehindere ynformaasje-útwikseling dy’t troch de wet neistribbe wurdt, lykas Van der Goot op it aljemint bringt, beflapt hjoed-de-dei spitigernôch ek in berch oan alternative feiten dêr’t guon fan op ‘e doele reitsje. Twitter hat likegoed regaad holden ûnder de ferkundigers fan healwize komplotteoryen en sadwaande waarden 70.000 fan sokken ferline wike allyksa fan it netwurk smiten. Dy kinne lykwols noch hieltyd frij harren miening uterje op alternative netwurken. Dy binne folle lytser as Twitter en Facebook, mar se waakse no wol oan.

De sosjale-medianetwurken soenen better ris ôfweve kinne mei de algoritmen dy’t bewurkmasterje dat harren klanten algeduerigen lyksoartige berjochten krije dy’t sadwaande foar guon hieltyd leauweardiger wurde. Mar de sosjale-mediamagnaten binne fierstente wiis mei dy algoritmen om’t dy der no just foar soargje dat minsken yn de besnijing bliuwe fan harren produkt. De frijheid fan mieningsutering fan guon beteart sa yn it breinwaskjen fan in protte oaren. Beskerming dêrtsjin soe yn de wet neffens my ek net misstean. Yn alle gefallen binne ferantwurdlike nijsmedia, dy’t it bearen fan lju dy’t út in grut gat blaze in kontekst meijouwe, fan it grutste belang.

jannewaris 21, 2021 18:41
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Jent Jansma jannewaris 24, 09:07

    Goed sjoen! En yn wat in bjusterbaarlik geef Frysk skreaun! Ik haw my abonneare. Súkses, Jent

  2. Wytze de Boer jannewaris 24, 12:31

    The Washington Post sil 30,000 leagens by Trump utfine?
    Se lige der sels likefolle op los.
    De ien syn leagen is de oare syn wierheid.

  3. Abe jannewaris 26, 10:45

    De reaksje fan de hear De Boer hjirboppe jout presys it probleem oan. Minsken dy’t fan neat witte, krije fan sosjale media de kâns om mar te roppen wat se wolle en de ûnderbúk te leegjen. Minsken dy’t fan neat witte, slikke alle rotsoai dy’t sosjale media en leagenmasines har fuorje. Minsken dy’t fan neat witte, miene dat se ‘rjocht’ hawwe om heard te wurden, inkeld mar om’t se leven meitsje. Dêr is úteinlik mar ien remeedzje tsjin en dat is ûnderwiis. Mear ûnderwiis, better ûnderwiis, ûnderwiis net inkeld om te learen wat ien en ien is, mar om te learen om nei te tinken. Hee, nuver, ik hear dêr net ien oer, en der komme ferkiezingen oan….

  4. LB jannewaris 26, 19:41

    Slokke-slokte-slokt en slikje-slikke-slikke. Krekt wat jo sizze: ûnderwiis.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.