Friezen ferslagge Hollanners mei trening stimsoftware
Resint ferskynd
Mei tsientûzen Fryske sinnen dy’t foarlêzen waarden, hawwe de Friezen it rom wûn fan de Nederlânsktaligen, dy’t mar de helte hellen. Dizze wike dienen Frysk- en Nederlânsktaligen in wedstrydsje wa’t de measte sinnen op ‘e kompjûter foarlêze koe. De sinnen wurde brûkt om software te trenen yn it begripen fan minsklike taal, sadat minsken har kompjûter makliker sprutsen opdrachten jaan kinne.
It projekt hjit fan Mozilla Common Voice en is organisearre troch Mozilla yn ‘e mande mei de Ryksuniversiteit Grins en de Hogeschool van Amsterdam. It ynpraten wie al folle langer mooglik – begjin ferline jier hienen de Ryksuniversiteit Grins en hegeskoalle NHL Stenden noch in wike organisearre om Fryske sinnen foar te lêzen.
De ynsprutsen sinnen binne net fuortendaliks gaadlik om de software te trenen. Elke sin wurdt oan twa frijwilligers foarlein, dy’t befêstigje moatte dat der wier lêzen is wat der stie en dat de lûdskwaliteit goed genôch wie. Dêr wiene de Friezen de Hollanners ek baas: frijwilligers hawwe fiiftûzen Fryske sinnen beoardiele, wylst it tal beoardiele Hollânske sinnen mar de helte wie.
Dy’t sels sinnen foarlêze of beoardielje wol, kin dat dwaan op it webstee https://commonvoice.mozilla.org/fy-NL .
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje