Fjouwer deaden by bestoarming Kapitoal

jannewaris 7, 2021 09:21

By in bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal binne woansdei fjouwer minsken om it libben kommen. Ien frou ferstoar nei’t se delsketten wie yn it parlemintsgebou. De plysje berjochtet oer noch trije minsken, dy’t by ynsidinten omkommen binne. 52 demonstranten binne oppakt.

It Kapitoal yn Washington (foto: pixabay.com)

It is noch net dúdlik troch wa’t de frou delsketten is. Hja ferstoar yn it sikehûs oan har ferwûningen. De deadsoarsaak fan de oare trije ferstoarnen is noch net bekend. Hûnderten Trump-oanhingers bestoarmen woansdei it Kapitoal, dêr’t op dat stuit in sitting wie fan it Kongres om de ferkiezingswinst fan oankommend presidint Biden te bekrêftigjen. Troch de bestoarming moast de sitting lykwols útsteld wurde. De demonstranten wisten de romte te berikken dêr’t de senaat oanwêzich wie. De plysje wie oerrompele troch de situaasje en sette triengas yn tsjin de demonstranten. Kongresleden moasten gasmaskers opsette en waarden fia ûnderierdske gongen út it Kapitoal wei laat. Letter op de jûn, doe’t de jûnsklok fan krêft wie, waard it Kapitoal ûntromme troch de Nasjonale Garde.

De demonstranten wiene earder op de dei by in grutte pro-Trumpdemonstraasje by it Wite Hûs. Trump sei dêr opnij dat er derfan oertsjûge is dat er de ferkiezingen wûn hat. Dy útlittingen die er ek op Twitter. Ferskate tweets fan de presidint binne ûnderwilens fuorthelle troch it sosjalemediaplatfoarm.

Trump rôp letter yn in filmke de demonstranten op om yn frede nei hûs ta te gean, mar werhelle nochris dat de ferkiezingen fan him stellen wiene en dat der sprake wie fan fraude.

It Kongres hat letter op de jûn, doe’t de rêst werom wie yn it Kapitoal, de fersteurde sitting fuortset en dêryn de kieswinst fan Joe Biden bekrêftige.

jannewaris 7, 2021 09:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.