Fisepresidint Pence wegeret om Trump daliks út funksje te setten
Resint ferskynd
De Amerikaanske fisepresidint Mike Pence is net fan doel en set presidint Trump fuortdaliks út syn funksje fanwegen de bestoarming fan it Kapitoal. Pence skriuwt yn in brief oan Nancy Pelosi, de Demokratyske foarsitter fan it Hûs fan Offurdigen, dat it ynroppen fan it saneamde 25e amendemint net yn it belâng fan it lân is en net mei de grûnwet strykt.
Neffens Pence kin it Kongres him better dwaande hâlde mei in linige oergong nei de nije presidint Biden. In mearderheid fan it Hûs frege ôfrûne nacht noch wol fia in resolúsje oan Pence om it amendemint binnen in dei te aktivearjen. Trochdat Pence wegeret om Trump út syn funksje te setten, sille de Demokraten Trump hjoed nei alle gedachten sels foar de twadde kear yn syn presidintskip ôfsette fia de ‘impeachment’-proseduere. De partij hat de mearderheid yn it Hûs fan Offurdigen.
Om Trump ôf te setten moat in mearderheid fan it Hûs en twatredde mearderheid fan de Senaat foar ‘impeachment’ (oanklacht) stimme.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje