Fertocht

jannewaris 19, 2021 09:58

Skôging troch Jabik van der Bij

Wy binne allegearre tige yn it moed rekke troch wat minsken oandien is troch de belestingtsjinst yn de saak fan de berne-opfang. De jacht op de skuldigen is los. De lju dy’t yn De Haach oan de toukes lutsen, dûke safolle mooglik fuort. Eins koene hja der neat oan dwaan, omdat it “sa net by harren binnen kommen wie” of har ûnthâld liet har yn ’e steek. Je kinne der alle jûnen de praatprogramma’s kreas mei fol prate. De nochtere konklúzje fan in achtjierrich jonkje op de telefyzje (“ze geven elkaar de schuld”) wie de spiker op ’e kop. Earst tochten se yn it tuorke noch dat se der mei weikamen troch de dupearren € 30.000 ta te sizzen, mar it holp net om de kjeld út ’e loft te heljen. Doe’t Asscher yn ’e gaten krige dat syn partij bot te lijen hie ûnder syn belutsenens en it knibbeljen him net skjinwosk, moast it kabinet ek belies jaan troch op te stappen. It skynt trouwens in poepetoer te wêzen om oan deselden dy’t har oppenearren dat taseine bedrach eefkes oer te meitsjen. Der wurdt wer wakker op omstind en it eint as in slak yn ’e tartonne mei it wiermeitsjen fan de belofte. Is it oerskriuwen no ynienen sa dreech?

Mar hawar, wa binne dy skuldigen dan eins? Der binne rûnom al hiel wat skuldigen yn it skandebankje set. It kabinet foarop en ek guon fan de Twadde Keamer ha it boetekleed oanlutsen. Terjochte, want wie it net de Keamer dy’t mei stimferheffing om maatregels easke tsjin lju dy’t misbrûk makken fan ús “sosjale systeem”? Dat wie al foardat wurkfolk út Bulgarije ûntduts dat dy wetten net wetterticht wiene. Salang as it my heucht wurdt der mei in skean each sjoen nei minsken dy’t finansjele stipe krije, as it om wurkleazensútkearingen giet, om bystân, hiersubsydzje of berne-opfang. Wa’t om hokker reden dan ek de hân ophâlde moat, is yn ’t foar al fertocht. Yn ’e kroech en op de jierdeibesiten geane der sterke ferhalen oer de tafel fan “gefallen” dy’t fraudearje en “fan ús tafel frette”. Dat is net nij. Fyftich jier lyn waarden “steunlûkers” mei de nekke oansjoen, hûndert jier lyn kaam de diaken lâns dy’t syn eagen goed de kost joech om te sjen oft der ek oerstallige lúkse yn ’e hûs wie. Dy hâlding fan delsjen op minsken dy’t troch hokker oarsaak dan ek yn ’e knipe sitte, hat in protte sear feroarsake, noch mear as it yn earmoede libjen.

Dat roppen om misbrûk oan te pakken komt dêrom net allinne by it regear en de folksfertsjintwurdigers wei. Dat is it algemiene tinken wurden. Lit der gjin misferstân oer bestean: misbrûk kin en mei net, mar sjoch asjeblyft ek nei de minsken en har omstannichheden as je wat dogge yn stee fan as in bline hûn domwei de regeltsjes en wetten ta te passen. Jin ynlibje yn har situaasje soe in twadde natuer fan alle amtners by de oerheid wêze moatte. Mar omdat der al hiel lang yn ús mienskip in mentaliteit libbet fan smoarchbekkerij oer “dy profiteurs” fan ús sosjale foarsjenningen, ûntstiet der in wurksfear fan befehl-ist-befehl op de smûke kantoaren.

Resint koe der in nij skift oan de “profiteurs” taheakke wurde : de “bûtenlanners”. Wat elkenien al lang opfallen wie en no yn it ûndersyksrapport befêstige waard, is it prosintueel grutte tal minsken mei in fan oarsprong net-Nederlânsktalige namme by de ûnderstelde fraudeurs. Hoe soe it ek oars kinne. Etnyske profilearring komt rûnom foar: as je in kleurke ha, wurde je faker troch de plysje oanholden en as je sollisitearje sit jo namme jo yn ’e wei. Wilders mei syn “minder-Marokkanen” en Baudet mei “homeopatyske fertinning” geane fol op de tromme om dêrnei it regear op hege toan geweken te nimmen. Nee, rasist binne se net, hear. It is itselde rideltsje as Trump mei syn American-first en wat is it ferskil mei de gjalpen: se pakke ús kultuer ôf en wy wolle ús lân werom? It hat alles te krijen mei it gejeuzel oer de betochte identiteit: fan koroanaûntkenners, komplottinkers en blokkearfriezen. Is it dan frjemd dat der by guon (allegearre?) belestingminsken in read ljochtsje begjint te brânen as se in frjemde namme tsjinkomme, mei yn de achterholle: de kâns is grut dat dit in fraudeur is? Elk folk kriget it bewâld dêr’t it om freget. Mei oare wurden: ha de lju dy’t no it lûdst raze net sels bûter op ’e holle?

As ik Rutte preekjen hear dat der wat feroare wurde moat, sûnder te sizzen wat dat krekt is, dan bin ik bang dat it by wurden bliuwt. Dêr is ús kameleoneftige premier sterk yn. Ik betwivelje oft Rutte, dy’t it praten oer fyzje graach oerlit oan de optisien, dêr de man foar is. As wy nochris in Keamerfol Omtzigten en Leijtens krije dy’t har neat fan de sa ferneamde partijdissipline oanlûke, is der hoop foar de gewoane befolking.

jannewaris 19, 2021 09:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.