Ferfolch ‘Sex and the City’ sûnder Kim Cattrall
Resint ferskynd
HBO sil in ferfolch meitsje op de populêre telefyzjesearje Sex and the City. Trije fan de fjouwer haadrolspilers fan it orizjineel komme werom op it skerm, allinnich Kim Cattrall docht net mear mei.
De nije searje mei de titel And Just Like That kriget earst tsien nije ôfleveringen fan in healoere, dy’t fan ’t maitiid opnaam wurdt. Te sjen is hoe’t de libbens fan de freondinnen yn New York har sûnt de ein fan de searje ûntwikkele hawwe. Haadrolspiler Sarah Jessica Parker hie al in oankundiging dien op Instagram.
HBO hat net meidield wêrom’t Kim Cattrall, dy’t Samantha spile, net weromkomt. De aktrise hie earder al sein dat se net echt goede freondinnen mei de oare trije wie. Dêrom betanke se earder ek al foar in tredde SATC-film.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje