Ferfolch rjochtsaak oer ferfrysking plaknammen yn Waadhoeke
Resint ferskynd
Ynstjoerd
Lykas bekend hat de bestjoersrjochter myn berop yn ’e mande mei de Topografyske Wurkgroep Fryslân tsjin it beslút fan de gemeente Waadhoeke om net oer te gean ta harmonisaasje fan de plaknammen, net ûntfanklik ferklearre (sjoch myn berjocht op It Nijs, 5 desimber). Dat betsjut dat de fúzjegemeente de offisjele nammen lit sa’t se no binne, dus Hollânsk yn it eardere Frjentsjerteradiel.
It beslút waard op prosedurele grûnen nommen. Op de ynhâldlike kant fan de saak woe de rjochter net yngean. Wy krigen seis wike de tiid om yn heger berop te gean. Dy termyn is no ôfrûn. Nei rom berie hawwe wy beslettten om net yn heger berop te gean, omdat ek in hegere rjochter op deselde prosedurele grûnen ús eask ôfwize sil en net in ynhâldlike útspraak dwaan wol.
In idee wie om de saak foar te lizzen oan de Ridende Rjochter. Dy wie optein. Telefyzjerjochter John Reid soe de saak ynhâldlik behannelje wolle. mar allinnich as de tsjinpartij ek meidocht. Dat wie hjir spitigernôch net it gefal: Waadhoeke wegere om mei te dwaan.
De wurdfierder fan de gemeente sei wol ta mei my kontakt opnimme te sillen, mar dat is wiken letter noch altiten net bard. De gemeente hâldt dúdlik net fan negative publisiteit.
No litte we it yn ús omgean de saak foar te lizzen oan de kantonrjochter om in ynhâldlik oardiel te jaan op basis fan it Europeesk Hânfest foar minderheidstalen, de Wet Gebruik Friese Taal en de Bestjoersôfspraak Frysk Taalbelied.
Wy hâlde jimme op de hichte.
Jehannes Elzinga
Frjentsjer
Sykje doarpen dy’t it fersyk stypje woll
Gean der mei troch Jehannes nei de kantonrjochter om in ynhâldlik oardiel te krijen. Ik stypje dy.
Leendert (de draaikont haw ik heard) tinkt dat hy mei it Biltsk better ôf is by Gemeente belangen. Dat sil him goed tsjin falle.