Feie Fonyk: Unrêst is fan alle tiden

jannewaris 28, 2021 15:51

Oant no ta ha ik dat net dien: ik bedoel telle hoefolle deaden oft der alle jûnen falle yn films op de telefyzje. Om earlik te wêzen: ik hâld fan geweld, benammen as it goed ôfrint en de misdiedigers pakt of berjochte wurde. Leaver ha ik dat se deasketten wurde of op in oare wize grouwélich oan harren ein komme. Ik ha it leafst in film dy’t ik begripe kin. Soms is de plot te yngewikkeld of te fier socht. Dêr hâld ik net fan. Hiest yn in fier ferline Baantjer. Dat rûn fia in foarsisber patroan en wie maklik te folgjen. No tinke myn lêzers dat ik alle jûnen as in sâltsek foar de telefyzje hingje. Dat is net sa. De measte moard- of misdiedôfleveringen foldogge op gjin stikken nei oan myn hege standert fan ienfâldigens.

Guon fan it moderne libben wolle hawwe dat der eins gjin ferskil is tusken manlju en froulju. Alles wat manlju kinne, dat kinne froulju ek. Sjoch ris nei al dy froulju dy’t no oan ’e macht binne yn lannen as Estlân, Sweden, Yslân en net te ferjitten Dútslân. Dêr ha se in punt. Dochs bin ik derfan oertsjûge dat der grutte ferskillen binne tusken manlju en froulju. Manlju hâlde fan geweld en binne der folle geskikter foar, froulju hawwe ornaris in wat sêftere libbenshâlding.

Sadwaande fernuvere it my doe’t ik by de relskoppers fan de lêste dagen, ik wit net krekt mear wannear, in jong frommis seach, dat troch in wetterkanon – wat in moai wurd, better as dat sêftere ‘waterwerper’ – tsjin in muorre spuite waard. Dêr hie se net fan werom: de hiele holle skeind, it wie allegear bloed. Ja, dat komt derfan as ien him hâldt en draacht as in fuotbalhooligan.

No komt my yn it sin dat sa’n lytse fiifentweintich jier lyn Ajaxsupporter Carlo Picorni by in fjildslach tusken Ajax en Feyenoord earne op in greide by Beverwyk mei in hammer deaslein waard. Tryst fansels. En dat is mar ien fan de hûndert foarbylden fan geweld en oproer dy’t ik betinke kin. De Capitoolbestoarming fan 6 jannewaris is in oar en moai sprekkend foarbyld.

Ik woe mar sizze: ûnrêst is fan alle tiden en it binne benammen jonge manlju dy’t út ferfeling of nocht oan in flinke fjochtpartij de strjitte op geane. No ek. De jûnsklok is in moaie oanlieding. It is dus gjin boargeroarloch. It regear, de plysje en de ME moatte rêstich bliuwe en optrede. Dat slagget aardich.

jannewaris 28, 2021 15:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.