Feie Fonyk: Fleurige firussen

jannewaris 21, 2021 09:30

Wrâldwiid binne der te folle minsken dy’t te ticht opinoar wenje. Firussen wurde der fleurich fan, se hawwe har yn tiden net sa goed field.

Der hat in tiid west dat minsken minder te krijen hiene mei ynfeksjesykten. Dat wie yn de tiid dat it minskdom jager en samler wie. Mei de komst fan de lânbou sa’n tsientûzen jier lyn begûnen grutter kloften minsken dermei om byinoar te wenjen. Boppedat sprongen ynfeksjes fan bisten oer op minsken. De âldste ferhalen oer dat soarte fan sykten steane yn de Bibel. Lykas dit út it Nije Testamint: “Op syn tocht nei Jeruzalem reizge Er (Jezus) troch it grinsgebiet fan Samaria en Galiléa. Doe’t Er in doarp yngong, kamen him tsien melaatsken temjitte. In ein fan Him ôf bleauwen se stean en rôpen lûd: Jezus, Master, haw meilijen mei ús. (Lukas 17, 11 -13).

Yn it Alde Testamint binne in soad regels opnommen hoe om te gean mei sykten lykas melaatskens. “De melaatske, dy’t mei de pleach oanhelle is, moat skuorde klean oanhawwe en it hier los hingje litte. De snor moat er bedekke en hy moat ”ûnrein, ûnrein” roppe. Salang’t er mei de pleach oanhelle is, bliuwt er ûnrein. Unrein is er. Hy moat allinne wenje. Bûten it legerkamp sil er syn wente ha.” (Leviticus 13, 45- 46)

Melaatskens, lepra is in ynfeksje sykte dy’t tsjintwurdich hast allinne noch yn tropyske en subtropyske lannen foarkomt. Dat hat oars west. It kaam yn de midsiuwen oeral yn Europa foar. Doe’t de krúsfarders weromkamen rûn it tal besmettingen rap omheech. Yn Nederlân hawwe der spesjale sikehûzen foarwest. Fan de fyftich leproazeryen stiene twa yn Fryslân, yn Snits en yn Ljouwert. Yn ’e rin fan de 17e iuw ferdwûn de sykte foar in grut part en waarden de ynstellingen sletten. De lêste yn Ljouwert yn 1672.

It wie de leproazelijers tastien om de stêd of it doarp yn te kommen om dêr by de tsjerkepoarten te biddeljen. Omdat ek oaren profitearje woene, lykas dakleazen, waarden de leproazen registrearre. Se moasten werkenbere klean drage lykas in grize mantel, in swarte hoed, in bidlerspûde drage en in rattel of bel brûke om harren komst oan te kundigjen.

Wy kenne út de fyftjinde en sechtjinde iuw in stikmannich skilderijen mei leproazen lykas fan Barend van Orley ‘De Werken van Barmhartigheid’, in triptyk dat skildere weard tusken 1518 en 1525 (Koninklijk Museum voor Schone Kunsten, Antwerpen). Op it rjochtepaniel in leproas mei in bel (ôfbylding rjochtsboppe). Folle bekender is “De Kreupelen” fan Pieter Brueghel de Oude út 1568 (Louvre, Paris).

Wy hoege de Covidkrisis net te bagatellisearjen, mar by it sjen fan dizze skilderijen, falt it yn 2021 ta.

Boarne: Jan Dequeker De kunstenaar en de dokter, Leuven 2006

 

jannewaris 21, 2021 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.