Faksinaasjelokaasje GGD Fryslân foarearst folboekt
Resint ferskynd
- Dútske saakkundigen: Koroana bliuwt, dêr moat men jin ûnder deljaan 0
- Oarlochsútstalling Frysk Fersetsmuseum posityf ûntfongen 0
- Wykoersjoch koroanasifers Fryslân, 8 oant en mei 14 jannewaris 2021 0
- Nij floch Museum Belvédère oer maritym wurk 0
- Fryslân as it grutte foarbyld foar nij haad Dútske minderhede-organisaasje 2
De koroanafaksinaasjelokaasje fan GGD Fryslân dy’t freed 15 jannewaris yn Ljouwert iepene wurdt, is foar de kommende seis wike al folboekt. Ut de sektor ferpleech- en fersoargingshuzen hawwe har 6825 personielsleden oanmeld. Dy krije de kommende tiid twa kear in prip. Dêr binne de op it stuit beskikbere faksins foar reservearre.
Mear as 7000 soarchmeiwurkers yn Fryslân binne troch harren wurkjouwers útnûge om har yn Ljouwert troch de GGD ynintsje te litten. Yn in twadde omrin komt nochris sa’n groep út dy sektor oan bar. Dêrnei folgje 12.000 meiwurkers yn ûnder mear de thússoarch, beheindesoarch en Wmo.
GGD Fryslân kriget dizze moanne 325 faksins deis. Fan febrewaris ôf lykje der mear te kommen. Sûnenstsjinsten út oare regio’s melden ferline wike freed al dat se folboekt wiene. Fryslân hie doe noch romte, mar yn it wykein is dy folboekt.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje