Europa wol diskriminaasje minderheidstaalpraters net oanpakke
Resint ferskynd
Hoewol’t de lidsteaten fan de Europeeske Uny ôfpraat hawwe om harren taalminderheden te beskermjen tsjin diskriminaasje en assimilaasje, wol de Europeeske Kommisje dêr gjin bydrage oan leverje. It Europeesk Parlemint en ferskate nasjonale en regionale parleminten, wêrûnder it Nederlânske, it Dútske en it Fryske, hiene dêrop oanstien.
Dat wie bard nei’t mear as in miljoen minsken in petysje oan it Europeeske Parlemint stjoerd hiene mei in oprop om lytse talen lykas it Frysk better te beskermjen. De inisjatyfnimmers fan de petysje, de Dútske organisaasje FUEN, hie in stikmannich konkrete foarstellen dien, lykas it reservearjen fan jild foar projekten mei minderheidstalen, it oprjochtsjen foar in organisaasje dy’t meartaligens stipet en it beteljen fan ûndersyk nei de foardielen fan meartaligens.
Dy foarstellen binne yn oktober ûnder de namme Minority Safepack yn it Europeesk Parlemint bepraat. Der wie brede stipe foar en it Europeesk Parlemint woe se yn romme mearderheid graach oannimme. De Europeeske Kommisje docht lykwols te witten dat se “neat tafoegje oan it besteande belied”.
Dan moat der dus mear op de polityke trom slein wurde