Enerzjyeksperts helpe Friezen om duorsumer te wurden

jannewaris 28, 2021 15:31

Ynwenners fan Fryslân dy’t harren hûs enerzjysunich meitsje wolle, krije it makliker. In provinsjebreed netwurk fan enerzjyeksperts stiet mei advys en begelieding foar harren ree. Dat netwurk bestiet út enerzjycoaches, in protte adviseurs, enerzjykoöperaasjes, gemeenten, provinsje en oare organisaasjes. Mei-inoar tûker mei enerzjy omgean, dat is wat se wolle. Deputearre Sietske Poepjes lansearre it netwurk woansdeitejûn 27 jannewaris mei in nije namme: Energie Team Fryslân.

It duorsum meitsjen fan wenningen is in wichtige skeakel yn de enerzjytransysje yn Fryslân. In soad Friezen wolle wol oan ’e slach, mar witte soms net goed hoe’t se dat oanpakke kinne. Enerzjycoaches en -adviseurs kinne harren dêrby helpe troch ynsicht te jaan hoe’t se it oanpakke kinne. Se kinne ek goeried jaan oer de mooglikheden om enerzjy duorsum te winnen.

Hjir en dêr wiene al enerzjycoaches aktyf. Troch harren byinoar te bringen yn it nije netwurk, kinne se kennis en ûnderfining diele. Dêrtroch kinne se better advisearje en begeliede. Deputearre Sietske Poepjes is bliid mei it netwurk: “De enerzjycoaches kinne in wichtige rol by de bewustwurding ûnder de minsken hawwe. Sy kinne harren helpe mei it besparjen fan enerzjy om de wenlêsten te ferleegjen. Win-win dus. De minsken hâlde jild oer en alle enerzjy dy’t se besparje, hoege wy net mear duorsum te winnen.”

Minsken dy’t ferlet hawwe fan ynformaasje oer it duorsumer meitsjen fan harren wenning, kinne terjochte by it enerzjyloket fan de eigen gemeente.

www.duurzaambouwloket.nl

jannewaris 28, 2021 15:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.