Eise de Ekster (gedicht)
Resint ferskynd
Eise de Ekster
leit op de bank, de poatsjes omheech.
Juster hat er te rinnen west.
25 kilometer en dat wie tige dreech.
Fan tefoaren seach er it hielendal sitten,
mar nei 15 kilometer hat er it witten.
Allegear blierren en de spieren diene him sear,
Eise gûlde deroer en sei: “ik wol net mear”.
Hy kaam telâne by de massaasjewein,
en dêr hat er lekker efkes lein.
Hy wie wer sa linich en optein,
dat hy hat de lêste kilometers ek noch ôflein.
Thús ûnder de hite dûs en nei in gleske wyn,
kakte Eise lykwols hielendal yn.
Hy gie op bêd en yn syn dreamen,
rûn er safolle kilometers, net op te neamen.
Mar de oare moarns, it is gjin leagen,
hie Eise lêst fan syn ekstereagen.
Folkje Koster
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje