Earste Fryske jeugdroman Tialda Hoogeveen

jannewaris 21, 2021 08:53

Fan de Fryske skriuwster Tialda Hoogeveen, op dit stuit suksesfol mei De geur van hooi, is by útjouwerij Afûk har earste fiksjeboek Wurden fan Timo ferskynd. Dat boek is boppedat har debút yn it Frysk én har earste boek yn de kategory jongfolwoeksenen. Har idee foar in boek oer in famyljedrama dêr’t de pubersoan by in ferkearsûngelok yn omkomt, slút hiel moai oan by it lêsbefoarderingsprojekt LêsNo fan Afûk, Cedin, Fers en Stichting Lezen.

Tialda Hoogeveen (boarne: Afûk)

Yn de treffend skreaune roman, geskikt foar 12+, stiet it famke Nanne sintraal. Sy ferliest har âldere broer Timo by in ferkearsûngelok: troch syn mobyltsje sjocht er al fytsend in frachtwein oer de kop. Hoogeveen: “Ik woe in ferhaal skriuwe oer hoe’t it foar in suske is om har broer te ferliezen. Dat hy deagiet wylst sy midden yn de wrakseling sit om stappen te setten yn de rjochting fan folwoeksenheid. In oantal jierren lyn barde dat yn in famylje in strjitte by my fierderop. Ik ha my altyd ôffrege: hoe wie dat foar it suske? Ik ha Wurden fan Timo dêrom skreaun út it perspektyf fan in famke wei.”

Njonken rouferwurking spilet yn it boek ek muzyk in wichtige rol. Nanne lûkt har werom yn de muzyk, omdat se tinkt dat har heit en mem te folle fertriet hawwe om harren drok te meitsjen oer har fraachstikken, lykas it kiezen fan in ferfolchoplieding. En ek omdat ûnder it pianospyljen it soms krekt fielt as is Timo – dêr’t se altyd muzyk mei makke – noch by har.

Untwerp omkaft: Monique Vogelsang (boarne: Afûk)

Boek sintraal bij LêsNo
Yn de earste moannen fan 2021 geane goed tritich middelbere skoallen mei mear as 4.000 learlingen út de brêgeklassen yn de Fryske lessen oan ’e slach mei Wurden fan Timo. Yn de hjerst fan 2020 koene se de boeken, ynklusyf wiidweidich lesmateriaal, al bestelle. Op lesno.nl stiet in audio-meilêsferzje, dy’t it lêzen fan it Frysk makliker makket.

Ferske ‘Yn dyn ljocht’
Foar it projekt is dêrnjonken Jon Allen’s nûmer ‘In your light’ troch Jelle Bangma yn it Frysk oerset. It is spile, songen en opnommen troch Sytse Broersma (De Kast) en syn dochter Lotte. Lotte Broersma bringt it nûmer út as single.

Wurden fan Timo is it sânde LêsNo-boek. LêsNo is it lêsbefoarderingsprojekt Frysk dêr’t Afûk, Cedin, Fers en Stichting Lezen mei stipe fan de provinsje Fryslân jierliks in nij Frysk boek mei edukaasjemateriaal by ûntwikkelje foar brêgeklassen. Wurden fan Timo is fan no ôf te krijen by de Afûk. It liet is te finen op YouTube en Spotify.

jannewaris 21, 2021 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.