Bywurke: Earste ferpleechkundige yn Fryslân yninte tsjin koroana

jannewaris 6, 2021 09:47

De earste spuit foar it koroanafirus yn Nederlân is set. De 39-jierrige ferpleechhûsmeiwurkster Sanna Elkadiri wie woansdeitemoarn yn Veghel as earste oan bar.

Foto: pixabay.com

Op oare plakken yn it lân begjint hjoed de faksinaasje ek, benammen yn sikehuzen. Fersoargjend persoaniel yn ‘e akute soarch, driuwende help, koroanaôfdielingen en ambulânsemeiwurkers kinne hjoed in prip helje. By de GGD’s kinne soarchmeiwurkers fan ferpleechhuzen terjochte foar in yninting. Fan takomme wike freed ôf binne alle 25 GGD-spuitlokaasjes iepen.

CNV: evenemintesektor ynsette
Fakbûn CNV pleitet derfoar om meiwurkers út de evenemintesektor, dy’t no fanwegen de maatregels neat te dwaan hawwe, yn te setten om de faksinaasjekampanje yn goede banen te lieden.

Minsken stean no faak lang yn ’e rige om telefoanysk in ôfspraak te meitsjen. En der wurdt no allinnich ûnder kantoaroeren pript. Foarsitter Fortuin fan it CNV is fan betinken dat alle dagen fan 06.00 oant 22.00 oere yninte wurde moat, yn it wykein ek. Hy wol dat de tsientûzenen wurkleazen yn ’e horeaka- en evenemintesektor sa gau mooglik oplaat wurde om ûnder tafersjoch fan profesjonals te faksinearjen. In part fan de minsken kin dan sels leare om te prippen en in oar part soe de logistyk om it faksinearjen hinne organisearje kinne.

Bywurke 15.25 oere: In ferpleechkundige op de driuwende help fan it Ljouwerter sikehûs MCL is as earste Fryske soarchmeiwurker yninte tsjin koroana. Andrea de Boer krige om 15.10 oere de earste fan twa prippen dy’t har tsjin de sykte beskermje moatte.

jannewaris 6, 2021 09:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.