Dútske saakkundigen: Koroana bliuwt, dêr moat men jin ûnder deljaan

jannewaris 19, 2021 19:55

Foto: pixabay.com

As der oer koroana redendield wurdt, binne de fûlste stimmen gauris it lûdst. Oft men no mei koroana-is-mar-in-grypke oan ‘e iene kant of smyt-alles-ticht-en-stel-in-jûnsklok yn oan ‘e oare kant te krijen hat, de rede is sa fier fan ‘e ridlike midden bytiden fier te sykjen. Soks fret oan ‘e stipe foar maatregels en dan is de hikke fan ‘e daam.

Dat seit de advysrie foar koroana fan ‘e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De rie warskôget de Dútske oerheden dat hja wach wêze moatte mei hieltyd wikseljende maatregels dêr’t it nut net dúdlik fan wurden is. “Dit belied hat it risiko dat de befolking as gehiel net mear berikt en oertsjûge wurdt”, skriuwe de adviseurs yn in iepenbier advys (link).

Mei hieltyd lûdere stimmen fan ‘e fanatykste foar- en tsjinstanners is it neffens de adviseurs wichtich dat de oerheid goed útleit wêr’t maatregels foar tsjinje. “Men moat realistyske doelen stelle”, skriuwe hja. It is ek wichtich, sa ornearje de adviseurs, dat de oerheid it dúdlik oanjout as er ûnwis is oft in maatregel wat úthelje sil.

De regearen fan de Dútske dielsteaten hawwe hjoed wiidweidich oerlein oer nije maatregels. Ferskate dielsteaten wolle medyske mûlekapkes ferplichtsje yn it iepenbier ferfier, wylst der ek praat is oer it ynstellen fan in nachtlik útgongsferbod en in ferplichting foar wurkjouwers om personiel thúswurkje te litten as dat heal kin. Oft dy maatregels ek echt nommen wurde, moat elke dielsteat sels útmeitsje. Dat sil de kommende dagen dúdlik wurde.

Ien fan ‘e grutste teloarstellings yn Dútslân is dat de oerheid mei strange slutingsregels foar winkels en oare iepenbiere gebouwen it oanpart koroanapasjinten ûnder de fyftich op elke hûnderttûzen minsken te krijen. Dat soe yn in wike slagje moatte, mar it wol fan gjin einen en kanten. Yn beskate gebieten is it oanpart besmette ljuwe sels gâns omheech gien.

Neffens de adviseurs is it ek net goed dat allegear dielsteaten en oare regionale oerheden eigen regels hantearje. Yn Dútslân, dat gjin ienheidssteat is, hawwe regionale oerheden in soad te sizzen. It is hast net mooglik om foar it hiele lân ien belied ôf te twingen. It suden is yn it generaal mear foar strange maatregels as it noarden. Dat hinget foar in part mei politike oertsjûging gear: yn it suden wurdt konservativer stimd as yn it noarden, en foar in part ek mei it oanpart besmettings. Dat leit op ’t heden yn Súd-Dútslân heger as yn it noarden.

Dat amtners faak trochwurkje, wylst teaterselskippen dat net meie en dat húshâldings lije ûnder allegear ferboaden wylst de oerheid tekoartsjit by it opspoaren fan koroanabesmettings, it stadich útfieren fan ‘e faksinaasjes en it finansjeel stypjen fan bedriuwen, is neffens de advysrie ek net goed foar de stipe fan ‘e befolking.

Neffens de adviseurs is it wichtich dat politisy ûnder eagen sjogge dat maatregels nommen wurde moatte yn it besef dat men jin derûnder deljaan moat dat it firus bliuwt, ek as in grut part fan ‘e befolking yninte wurden is. Stribje nei in koroanafrije maatskippij is sinleas, skriuwe hja, it belied moat rjochte wêze op in lange termyn en politisy moatte dermei ophâlde om hieltyd yn te springen op resinte ûnwikkelings.

jannewaris 19, 2021 19:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.