Drintske Steateleden ferbrekke har te fluch, mar dat sil oars
Resint ferskynd
It mei dan sa wêze dat de provinsje Drinte wakker krewearret foar it behâld en de emansipaasje fan it Drintsk, mar dy eigen foarm fan it Nedersaksysk bliuwt dochs almeast beheind ta ynformele situaasjes. Drintske Steateleden ferbrekke harren yn ‘e gearkomsten almeast fuortendaliks, wylst se dêrnei by de kofje wer fleurichop Drintsk prate.
Dat moat oars, is it betinken fan streektaalorganisaasje Huus van de Taol. De Drintske Steatefraksjes fan PvdA, CDA en Forum voor Democratie binne it dêrmei iens en hawwe in moasje yntsjinne om yn maart yn ‘e Steategearkomsten safolle mooglik Drintsk te praten. Dy is mei in romme mearderheid fan stimmen oannommen. Yn Grinslân en Oerisel binne soartgelikense plannen.
Maart is yn in grut part fan Nederlân altyd dialektmoanne. Der wurde dan allegear saken op dialektmêd organisearre.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje