Dokumintêres oer films fan Verhoeven, Tarantino en Kubrick

jannewaris 10, 2021 08:54

Het Uur van de Wolf stiet yn jannewaris yn it teken fan film. Mei dêryn trije nijsgjirrige dokumintêres: op 13 jannewaris oer Paul Verhoeven en syn film Showgirls, op 20 jannewaris oer Quentin Tarantino en syn earste acht films, en op 27 jannewaris oer it oeuvre fan Stanley Kubrick en syn unike sjochwize. Fan jannewaris 2021 ôf wurdt Het Uur van de Wolf útstjoerd op de woansdeitejûn.

Ofbylding: NTR

Paul Verhoeven en Showgirls
Utstjoering: woansdei 13 jannewaris om 23.15 oere op NPO 2

De filmkritisy falle oerinoar hinne yn 1995 by it delsabeljen fan Paul Verhoevens Showgirls. De film flopt yn de bioskoop, mar hellet dêrnei 100 miljoen dollar op fia fideo- en dvd-ferkeap en groeit yn 25 jier út ta in kult-klassiker. Is Showgirls eins in miskend masterwurk? Dy fraach stiet sintraal yn de dokumintêre ‘Paul Verhoeven en de comeback fan Showgirls’, dêr’t ek fragminten út ûnder mear Spettters, Zwartboek, Starship Troopers en De vierde man yn ferweve binne.

QT8 – Quentin Tarantino: The first eight
Utstjoering: woansdei 20 jannewaris om 22.55 oere op NPO 2

It is op in filmset fan Quentin Tarantino ûnmooglik om jin net oanstekke te litten troch syn wille. Dat fertelle befreone akteurs as Samuel L. Jackson en Tim Roth yn ‘QT8 – Quentin Tarantino: The first eight’; in dokumintêre oer de earste acht films út Tarantino’s oeuvre. De dokumintêre sels is al krekt sa oansteklik: nei it sjen fan alle filmfragminten is de oanstriid om wer ris in ‘âlde’ Tarantino út de kast te pakken grut.

Kubrick oer Kubrick
Utstjoering: woansdei 27 jannewaris om 22.50 oere op NPO 2

Filmleginde Stanley Kubrick lit twa desennia nei syn dea opnij fan him hearre. Yn de dokumintêre ‘Kubrick over Kubrick’ reflektearret er op syn oeuvre en fertelt er oer syn unike wurkwize. Kubrick kaam sels selden yn de publisiteit, mar yn in searje audio-fraachpetearen mei de Frânske filmkritikus Michel Ciment is er iepenhertich oer syn fak en lit er him sjen as in yntelliginte en orizjinele akteur. Dy fraachpetearen foarmje, mei syn talleaze ûnferjitlike filmfragminten, de rêchbonke fan de dokumintêre. Dêrneist fertelle akteurs oer harren ûnderfiningen op de set, lykas Jack Nicholson (The Shining), Malcolm McDowell (A clockwork orange) en Nicole Kidman (Eyes wide shut).

Utstjoering: 13 jannewaris – 27 jannewaris 2021 om 23.00 oere hinne op NPO 2
Webside: www.ntr.nl/hetuurvandewolf

jannewaris 10, 2021 08:54
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Durk Dokkuma jannewaris 11, 09:57

    Standerfrysk (sj. taalweb)
    dokumintêre [do.ku.min.tê.re], haadwurd de, dokumintêren [do.ku.min.tê.ren]. Meartal op -n!

  2. Abe jannewaris 11, 16:33

    Dêr ha je wer sa’n knoffelomke dy’t thús wierskynlik Hollânsk praat en foar elke Fryske sin dy’t er skriuwt it misbetearde Frysk Hânwurdboek derby krijt. Ochearme, ús taal is al dea en moatte dêr ‘efter de skerms’ no ek noch ‘dokuminêren’ oer makke wurde? God, wêrom ha Jo ús net op ‘e tiid fan ús tiishollige nasjonalisten ferlost? Wêrom joegen Jo ús in ItNijs dat de minsken har taal noch deader as dea traapje woe?

  3. mbc84 jannewaris 11, 18:19

    Jo hawwe gelyk dat je net oer sokke dinkjes hoege te fallen. Mar wêr helje jo wei dat it in tiishollige nasjonalist is? En wat hat it mei nasjonalisme fan dwaan? Ken sosjalisten dyt hysterysk wurde at der min/oars stavere wurdt… En ItNijs de taal noch deader as dea traapje? Wêrom reägearje jo dan noch altiten, ferdwyn dan at it dy sa min sint. ItNijs is in moaie oanfolling yn it krappe kader dêr’t it Frysk him yn ferkeart. Fierder en profesjonalisearje kin yn it foarút lizze, mar dan moat it al kânsen krije…

  4. Abe jannewaris 11, 21:11

    As menear Durk Dokkuma (ha, ha) provosearje wol, binne der mear dy’t dat kinne. De redaksje hie earst ‘dokumintêren’ boppe dit artikel stean. Soks hjit distânsjearring – wy kieze foar de stavering dy’t it fierst wei stiet fan it Hollânsk, dan liket ús Frysk ‘Frysker’, makket net út dat de minsken sokke foarmen hielendal net brûke – en dat is sûnt Kalma cs. in bekende nasjonalistyske stratezjy dy’t ús op ôfstân set fan wat wy as gewoan libben Frysk ûnderfine. Dêrom dus. Ja, ik tink ek dat ItNijs in moaie oanfolling is. Mar ik wol ek graach dat dat sa bliuwt, sjoch.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.