Dokters en sikesusters krije dochs earder in pripke
Resint ferskynd
- Maatregels neilibje bêste remeedzje tsjin opkringen Britske fariant 0
- Keamer kediist tongersdei oer útgeansferbod, protte nijsberjochten oer ferbod op thúsgasten op ‘e nij ûnwier 0
- Biden hat ambisjeuze plannen foar earste 100 dagen 0
- Moasje oer leefromte greidefûgels 0
- RTL meldt: freed útgeansferbod yn Nederlân 0
Minsken dy’t yn ‘e soarch wurkje, krije sa fluch mooglik in faksinaasje om foar te kommen dat hja koroana opdogge. De ferpleging yn âlderheinhuzen is as earste oan bar: kommende freed krije hja as earste in prip. Moandei krije se te hearren wêr’t se dy helje kinne.
Dêrnei binne sa’n tritichtûzen oare soarchmeiwurkers oan ‘e slach, tagelyk mei âlde minsken dy’t in grut risiko rinne as se koroana skypje. Wannear’t dy twa groepen oan bar binne, is noch net wis. Neffens minister De Jonge sil dat net foar 8 jannewaris slagje, om’t it dreech is om it faksin op te slaan en te ferfieren. Dat mei net waarmer wurde as santich graden ûnder nul en it kostet tiid om soks te regeljen. Nei ferwachting wurdt begjin nije wike in plenning buorkundich makke.
Earder wie it boadskip fan it ministearje fan folkssûnens dat de âlden fan dagen as earste in pripke krije soene. Minister Hugo de Jonge seit lykwols dat “een klein zijstapje op de hoofdroute” fan it belied nedich is, om’t der hieltyd mear ferplegend personiel siik thúsbliuwe moat en de kollega’s it wurk amper mear oan kinne. “Zaterdag was er even sprake van dat de eerste prikken maandag al zouden worden gezet. Maar dat gaat niet door”, befêstiget Kuipers. “Ik baal daar niet van, ik ben blij dat we niet nog lange tijd hoeven wachten.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje