Derôf

jannewaris 7, 2021 11:17

Wier, ik bin der hielendal ôf.

Karbid. Foto: Rasbak – Eigen wurk, CC BY-SA 3.0.

In stel jongkeardels hellet op ’e Jouwer mei âldjier in streek út. Karbid yn in âlde jarretank. De tank op in oanhingweintsje, in auto derfoar en midden yn it doarp in eksploazje feroarsaakje fan komsa. Dat wie de bedoeling. Is slagge. It waard in almeugend swiere ûntploffing mei in protte skea by in hotel. Dat lêste wie net de bedoeling.
Spitich.

Sa’n streek – miskien net goed te praten – ik kin it my skoan begripe.

It ferhaal wie dat de mannen harren frijwillich by de plysje meld ha en tasein ha om mei-inoar de skea te fergoedzjen.
Prima.

Ien of twa dagen letter hearre we dat der in ynsamling op tou set is. Foar de minsken dy’t skea ha, soest tinke. Mar, nee, it is in ynsamling foar de ‘dieders’. Yn koarte tiid wurdt der sa’n € 24.000 opbrocht.
Unbegryplik.

Wier, ik bin der hielendal ôf. Wêrom jouwe minsken sa royaal? Ik kin der net by. Begryp foar de streek? Ha ik ek wol, mar wa’t soks docht, moat sels foar de gefolgen stean. It is ûnferantwurde en dom wat se dien ha.

De hiele ynsamling is foar my bûten alle proporsjes. Hoe krije se ’t yn ’e plasse.

Inger Wets

jannewaris 7, 2021 11:17
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Kees van der Beek jannewaris 7, 19:34

    Inger, Ik ha sa stadichoan it idee, dat guon minsken net rjocht mear witte wat eigen ferantwurdlikheid ynhâldt. Ferstân brûke, as dat der noch sit, mar neffens my is dat mei it ôfsjitten fan dat kanon fier foarby De Lemmer sketten en binne guon minsken fan betinken, dat sokken wier gjin ferstân mear hawwe – spitich, mar sy binne perfoast net begrutlik! Ik snap dy omstanners dan ek net – is harren ferstân faaks dan ek fuortblaasd?

  2. Geke de Boer- Boomsma jannewaris 8, 11:43

    No sa. De wrâld op syn kop.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.