De Lawei donearret Falentynsdinerdoazen oan De Zonnebloem

jannewaris 25, 2021 08:52

Nei it sukses fan de Krystdinerdoaze, kin der no ek in Falentynsdinerdoaze by De Lawei kocht wurde. In hearlik trijegongediner én wat lekkers foar by de kofje. De Lawei fynt it wichtich om yn dizze donkere en drege tiid ek oan oaren te tinken. Elke ferkochte doaze soarget dan ek foar in skinking fan in doaze oan Nationale Vereniging de Zonnebloem.

Ofbylding: De Lawei

Orizjineel Falentynskado
Dit hearlike diner is fansels in prachtich kado foar in leafste. Mar der is ek tocht oan húshâldingen dy’t Falentynsdei mei-inoar fiere wolle. De doaze is nammentlik sawol foar ien as foar twa diners te bestellen. Dêrneist kin der in dinerdoaze oan in oar jûn wurde en dêr ek brocht wurde. Sadat men ek oan in dierbere witte litte kin, dat der oan harren tocht wurdt.

Donaasje
Foar elke ferkochte Falentynsdinerdoaze donearret de Lawei ek in diner oan Vereniging De Zonnebloem. De Zonnebloem is der foar minsken mei in lichaamlike beheining. Dêrtroch binne hja minder maklik by steat om wat te ûndernimmen en dêrtroch binne hja in soad thús. “Dit inisjatyf slút hiel goed by de slogan fan de Vereniging foar 2021 ‘Wy litte harren net sitte’ oan’’, seit Nationale Vereniging de Zonnebloem regio S-E Fryslân. “De gasten fan de Zonnebloem kinne yn dizze tiid fan koroana net oan allerhande aktiviteiten meidwaan en binne no ôfhinklik fan frijwilligers dy’t ien op ien noch op besite komme kinne, efkes skilje, in kaartsje stjoere of in blomke bringe. Wy hoopje dan ek dat der in soad Falentynsdoazen besteld wurde. Dan kinne wy ek in soad gasten fan de Zonnebloem genietsje litte fan in lúks miel, mar foaral fan in stikje oandacht en leafde yn dizze tiid, dêr’t hja yn driigje te feriensumjen.’’

Falentynsdinerdoaze
De Falentynsdinerdoaze is online te bestellen op www.lawei.nl of telefoanysk ûnder iepeningstiden fan de kassa. De doaze kostet € 22,50 de persoan en bestiet út in foar-, haad- en neigerjocht en wat lekkers by de kofje. Der is in fleis- (mei û.o. diamanthazze mei rendangsju), fega- (mei û.o. hasselback-byt mei sitroenblêdbûter) en in bernefariant (mei û.o. gehakbaltsjes fan ’e ko mei kormastip). It is ek mooglik om der in hearlike wyn, prosecco of in cocktail (sawol mei as sûnder alkohol) by te bestellen.

De doaze kin op 13 en 14 febrewaris tusken 13.00 en 17.00 oere ophelle wurde yn de drive-through by De Lawei. Foar de minsken dy’t leaver thúsbliuwe wurdt der ek oan hús besoarge yn in straal fan maksimaal 25 km om Drachten hinne. De besoarchkosten binne €5,- it adres. Yn de doaze sit in kaart mei oanwizingen foar de tarieding. Dy is hiel ienfâldich, want de gerjochten hoege allinne mar opwaarme te wurden. De Lawei organisearret ek in livestream op 14 febrewaris om 17.30 oere dêr’t sjefkok Jos Boonstra live yn sjen lit hoe’t it trijegongediner klearmakke wurdt.

jannewaris 25, 2021 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.